SDS League: 3 teams pakke wykpriis!

Weppers moandei 2-11
1 november 2009
Weppers tiisdei 3-11
3 november 2009

Foar it earst yn tiden hawwe wy wer ris mar leafst 3 wykpriiswinners. “Keessie Kwakman”(Kees Adema), “Ozzy”(Hendrik Eringa) en “Hawwe net”(Tsjerk en Sietske Okkema meie de wykpriis fan ‘e wike dus diele. Alderaardichst fansels al bliuwt der dan net folle mear oer per persoan(€4,-).

Yn de wike dat Hertha BSC nei Heerenveen ta komt pakt Berliner Kees Adema de wykpriis yn de SDS League. En dat wylst hy sels op it heden yn Ingelân sit, yn Bath(nee, net yn bad, sa hyt dat plak……).

“Op naar de Top” fan Marten Faber bliuwt boppe-oan stean. De konkurrinsje is allinnich al wat tichterby kommen. It meitrainen fan Bram van Beem by SDS 4,5 en 6 smyt allinnich noch net hiel folle op. Mei “Popov 4ever” komt hy as nûmer 2 mar ien puntsje tichterby Marten.

De topper fan it ôfrûne wykein wie fansels Pantelic(AJA). Hy pakte mar leafst 10 punten. No stiet Pantelic noch net by in team yn de SDS League yn de bais, mar dat sil nei de winterstop wol oars wêze. Wy ferwachtsje sawiesa dat Eeltsje Postma him opsteld.

“Championship Manager 2009-2010” fan Teade de Boer stiet noch altiten stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.