Weppers tiisdei 29-9-2020

Sneon 26-9-2020
25 september 2020
Weppers woansdei 30-9-2020
30 september 2020

Nije Koronamaatregels

It regear hat juster wer nije Koronamaatregels nommen y.f.m. it tanommen oantal besmettingen. Foar it fuotbal betsjut it dat der gjin publyk nei de wedstriden komme mei en dat de kantine ticht bliuwt. Alders fan jeugd oant en mei de JO19 dy ’t de jeugd nei in útwedstriid bringe moatte wurde sjoen as begelieding en meie wol by de wedstriid sjen (sjoch hjir). Alders fan bern dy ’t thús spylje meie de bern ôfleverje by it hek……
De KNVB komt moarn mei maatregels. It SDS-bestjoer sil der dan oer gear hoe hjir mei om te gean. Tongersdei kinne jim se dan hjir op de webside lêze.

Ferslach

Wy binne dwaande om te sjen hoe ’t wy sneon ferslach dwaan kinne fan de wedstriid SDS 1 – Oudehaske 1 om de lju thús in byld jaan te kinnen. Dit kin fia de webside, Facebook en/of Twitter gean. Hâld de webside hjirfoar yn de gaten.

Kantine ticht

Y.f.m. de Koronamaatregels is de kantine de kommende trije wiken sawol op trainingsjûnen as sneons ticht…….

Septimber ‘gehacktmoanne………….’

It liket der op dat de SDS-side yn septimber hackt is. Lokkich genôch is mei help fan Freez.it en 5-Online de webside wer yn de loft en wy hoopje dat dit no foar langere tiid sa bliuwt. It kin wêze dat hjirtroch de mail ek net oankommen is. Mocht der noch wat wêze mail it dan nei info@vv-sds.nl.

Grutte klupaksje

Alle leden fan SDS fan de JO/MO17 en heger hawwe wer lotten krigen fan de Grutte Klupaksje om te ferkeapjen of sels te hâlden. Fan de opbringst giet mar leafst 80% nei de klup.

SDS-banier

Dê ofrûne twa sneonen koenen jim dizze prachtige SDS-banier sjen op it sportkompleks. Miskien komme der yn de takomst noch wol mear.

Nije sponser?

De polo’s, trainingspakken en de wedstriidsjurts wurde by SDS 1 sponsere troch haadstiper Drukkerij Van der Eems. Foar it ûnderguod hat Stan Korbach in eigen stiper.

Hattricks

Sneon mar leafst 3 hattricks by SDS. Sawol Timen de Boer as Sybo Wiersma skoorden der 3 by de JO17-2 en de Fam. Heeres makken der 3 by SDS 1 (Wiebe 2x en Teun 1x).

Stompé

Tjerk van der Pol flagge sneon yn Willemsooord. Der wurdt wolris wat tsjin in assistent skiedsrjochter sein, lykas de spits fan Willemsoord, dy’t him Co Stompé neamde.
Dat levere Tjerk in sliepeleaze nacht op want hij frege him hieltyd ôf foar wa dat no in komplimint wie……..

SDS JO9-2

Wy krigen in prachtige teamfoto fan SDS JO9-2 binnen en dat makket ús noch nijskjirriger nei al dy oare teamfoto’s. Gean sneon mei as fotograaf fan it team fan je soan of dochter en mail de foto nei info@vv-sds.nl.
By de JO9-2 hawwe Jinse-Durk en Timen blykber twa kear skoord………


Boven: Tymen Bults, Jinse Durk de Jong, Desley Koster, Jens Veenstra en Syb Overal.
Ûnder: Brent Overal, Tiemen Stenekes en Martijn Smit.

Harsens derby (2256)

Ho!