Sukses
It bestjoer fan SDS winsket Erik, Feiko, Gerrit, Jacob Klaas en Jelte-Pieter in protte sukses ta op de PC.
Hoefolle earsten?
Wij binne wer benijd at er in echte keatskenner is ûnder ús lêzers. Jim kinne gokke hoefolle earsten de 5 SDS-ers helje op dizze PC. Mail it nei dit adres.
De ynstjoeringen moatte woansdeitemoarn foar 8.00 oere binne wêze.
Oprop oan famkes oan’t en mei 20 jier!
De SDS-Dames-jeugd bin no in jier bezich en ha der in soad nocht oan!
We sykje noch famkes dy’t it leuk fine om mei te baljen.
Der wurdt traint op tiisdeitejuns om 19.00 oere.
De kompetysje is sneons.
Gjin balgefoel? Gjin technyk? Gjin kondysje? Gjin probleem, komt fansels!
Jou dy op by Anke van Asselt, 06 42 51 66 39
Oprop: mannen socht!
23 leuke froulju sykje 2 mannen om eltse sneon
Jou jo op by Anke van Asselt, 06 42 51 66 39
WK
Juster in tige waarm WK yn Wommels. De mannen binne no hielendal klear foar de Olympyske Spelen………
Harm Stremler, Anne Stenekes en Sjoerd Rispens makken harren debút.
Oanmelding(1)
Foarige wike krigen wy op ‘e nij in nije oanmelding binnen. It giet om Gert-Jan Hessels. Lykas Bram Strubbe en Martijn Rispens wurdt hy taheake oan de seleksje fan SDS 4.
Oanmelding(2)
Doede Sijszeling hat him yn maart opjûn as nij lid fia de webside. De sekretaris fan SDS hat ferskeidene kearen probeare om kontakt mei him op te nimmen, mar dit slagge net. As Doede kommend seizoen noch altiten by SDS fuotbalje wol dan moat der efkes maile nei info@vv-sds.nl.
Nijsgjirrichheden
Wij hawwe de programma’s fan dit jier efkes trochsjoen en der binne altyd wol nijsgjirrige saken:
Fuotbalhumor(2)
Hjoed wer in sterk staaltsje fuotbalhumor. Spitich genôch is de grinsrjochter wer it liedend foarwerp: