Weppers tiisdei 29-4

Keninginnedeiweppers?
27 april 2014
Weppers woansdei 30-4
30 april 2014

Net op it lytse trainingsfjild

It lytse trainingsfjild ynkoarten opknapt, dan kin der dus net mear op traind wurde. De E- en F-pup meie nei it fuotbalfjild. De Cm, de A’s en it 4de en 5de meie efter de sporthal traine.
Durk


Tiisdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn los. Sy spylje om 20.00 út yn Balk tsjin Woudsend 1.

SDS D1
SDS D1 spilet tongersdeitejûn om 19.00 thús tsjin Nieuweschoot D1. Remco Hylkema fluitet.

Sneon 10 maaie
Sneon 10 maaie hat SDS 1 harren lêste thúswedstryd fan it seizoen tsjin SC Berlikum 1. As it wat meisit sil der dan nei de tiid in stikje muzyk yn de kantine wêze op wat foar manier dan ek.

Slotjûn jeugd
De slotjûn foar de jeugd is dit jier op freed 23 maaie. Net ferjitte dus.

Alderaardichst
Afbeelding weergeven op Twitter

Harsens derby(1262)

Toéééééééttoéééééééét!