Keninginnedeiweppers?

Weppers freed 25-4
24 april 2014
Weppers tiisdei 29-4
29 april 2014

Keninginnedei?
Foar hiel it lân is Keninginnedei foarich jier ôfskaft, útsein foar ien fan de wepmasters. Syn mem is hjoed jierdei!

Kening?
Juster koenen je wol 20 dingen dwaan. Je koenen nei Ljouwert, keatse yn Wommels, keatse yn Easterein of te keatsen yn Harns. Anne Brouwer die it lêste en helle de krâns efkes op by de 50-plussers!

3e!
Juster wie foar de 57e(!!) kear it Geert-Engbers-skoallefuotbaltoernoai yn Easterlittens. Mar leafst 14 fuotbalteams út it âlde Baarderadiel dienen mei oan it 7-tsjin-7-toernoai. Mei nammen by Reahûs en OBS De Opslach út Wommels sieten hiel wat SDS’ers. De Reahûsters gienen der as tredde yn de poule krekt foar de krúsfinales út. OBS De Opslach hellen as twadde de krúsfinales, mar ferlearen dy krekt mei 2-1 fan Mantgum. Úteinlik wûnen sy al de wedstryd om it tredde plak nei in daverende thriller tsjin Weidum. Sy kamen mei 3-0 efter, mar kamen werom oan ’t 3-3. Yn de penaltyreeks misten sy twa kear, mar wûnen úteinlik dochs noch. CBS Winsum waard earste.

Neat te dwaan?
Je kinne hjoed wol 10 dingen dwaan. Nei SC Heerenveen – FC Utrecht, foar Liverpool – Chelsea, nei it swimbad, nei de blues yn Easterein of by ien op ‘e jierdei. Ien fan de wepmasters sil sjen as der hjoed wat dingen kombinere kin. Liverpool olé!

Bekerfinale
ONS hat sneon de bekerfinale helle. Sy wûnen mei 2-1 fan MSC yn de ekstra tiid. Yn de finale op 17 maaie moatte sy tsjin Urk. Der is al in kâns dat Sander van der Heide dan net meidocht(klik hjir).

Harsens derby(1261)
In warming-up foar de wedstryd is tige wichtich. It beste is as je krekt foar de wedstryd noch efkes byelkoar op springe……………..