Weppers tiisdei 29-10

Weppers moandei 28-10
27 oktober 2013
Weppers woansdei 30-10
30 oktober 2013

Gjin trainen

De trainingen gaan dinsdag niet door.
Bestuur vv SDS


Wedstrydferslach SDS C1
Wij hebben met C1 zaterdag 3-1 gewonnen van Sneek Wit-Zwart. Wesley maakte al snel de 1-0. Daarna was Sneek een tijdlang het betere team, echter ze kwamen niet aan scoren toe. De rollen werden gelukkig toch weer omgedraaid.  Jurjen maakte de terechte     2-0. Daarna kregen we nog een penalty omdat een speler van Sneek de bal uit het doel sloeg en hij kreeg daarvoor rood.  Jesse benutte de penalty waardoor het 3-0 werd. Uiteindelijk lukte het  Sneek toch nog om een doe
lpunt te maken en eindigde de wedstrijd met de stand van 3-1.
Steven Vellinga

SDS D2  –  YVC/Blauwhus D2:     4  –  1
Ofrune sneon spyle SDS D2 tsjin YVC/Blauwhus. De allerearste wedstryd fan dit seizoen (beker) wie ek tsjin dizze mannen. Dizze wedstryd gie destiids mei 4 – 0 ferlern. Om 9.00u wie de oftrap op it haadfjild. It begjin wie foar SDS. Der waard goed fuotballe en we kamen dan ek fertsjinne op foarsprong. Yn ‘e 13e minut wie it Tjerk, die knap de keeper omspyle en de 1-0 makke. Dernei waard it allegearre wat minder sadat ek YVC/Blauwhus kansen krige. Yn’e 28e minut makken se dan ek de lykmaker. It like derop dat 1-1 de reststan wurde soe, mar Michael tocht der efkes oars oer. Hy naam in offallende bal op ‘e pantoffel en sjitte snoeihurd de 2-1 binnen. Ek yn ‘e twadde helte kamen der kansen foar SDS. Yn ‘e 6e minut fan de twadde helte makke Stan der 3-1 fan. It ferset fan YVC/Blauwhus wie brutsen en Anco makke yn ‘e leste minut der ek noch 4 – 1 fan. In prima teamprestaasje. It like yn’e klaaikeamer nei de wedstryd wol at we al kampioen wiene. Safier is it noch net, nye wike sneon mar wer.
Theo.

OFK 2014
Ek yn jannewaris 2014 sil der wer in Iepen Frysk Kampioenskip(OFK, foarhinne Midwintercup)) sealfuotbal plakfine yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. De foarrondes binne dizze kear op 2,3,6,7,8, en 9 jannewaris en de finale is op sneon 11 jannewaris. Foar SDS docht dit kear SDS Vr.1 mei en de âld-sealfuotballers dogge wer mei. It is dan 10 jier lyn dat sy de Midwintercup wûnen (doe noch) yn it FEC yn Ljouwert.
SDS 1 docht dit kear net mei. it past net rjocht yn de tarieding op de twadde seizoenshelte.

Kompetysje
Der is in soad te dwaan oer de spanning yn de fuotbalkompetysje yn Nederlân. Yn Nigeria wie de kompetysje ek hiel spannend. Sjoch mar ris nei it
oantal punten fan de earste en de lêste en alles wat der tusken yn stiet.

Doelpuntenmakkers
De doelpuntenmakkers fan de senioren en de Vr1 fan SDS yn dizze kompetysje kinne jim
hjir sjen.

SDS ledengearkomst
Yn de Treffer dy’t jim allegear fêst al yn de bus krigen ha, is op woansdei 27 novimber 2013 om 20.00 oere.

Alderaardichst
De einstân fan de Eredivisie dit seizoen liket wat ien fan de wepmasters oanbelanget op foarhân wol dúdlik:


Harsens derby(1144)
Wiken efterelkoar keepe je de stjêrren fan de himel dat sels de bondskoach spesjaal del komt om te sjen as je miskien folgend jier wol keepe kinne op it WK yn Brazilië. Dizze dream kin earst wol wer efter yn de iiskast…………….