Weppers tiisdei 28-9

Weppers moandei 27-9
26 september 2010
Weppers woansdei 29-9
28 september 2010

Enkête
Jim hawwe noch in pear dagen de tiid om de enkête yn te fullen. It soe moai wêze dat noch folle mear minsken dat dogge, Klik
hjir.

Doelpunten
De list is wer bijwurke. Wij witte net wat it rekord oantal doelpunten is bij de froulju (de tiid fan Atty Zijlstra!) mar wij tinke dat Jitske Plantinga bij sûnens en wolwêzen alle rekords ferbetterje kin. Sjoch
hjir.

Ledengearkomst
Set mar fêst yn je aginda dat de SDS-ledengearkomst dit jier op woansdei 1 desimber plakfine sil.

Wat seist?

(foto Henk Bootsma)
Wa wit in leuk ûnderskrift foar dizze foto? Mail it nei
info@vv-sds.nl. De leuksten komme yn de nije Treffer.

Harsens derby(302)
Dit is deselde keeper dy ’t inkelde wiken lyn in pingel fleane liet wylst hy tocht dat hy him stoppe hie. Hy is no op syk nei in wylgebeam om syn keeperswanten yn te hingjen.