Weppers tiisdei 28-2

Weppers moandei 27-2
27 februari 2012
Weppers skrikkeldei
28 februari 2012

A1 gjin trainen
Der is jûn gjin trainen foar A-1. Der is gjin trainer te finen.
Johan

C2 tongersdei trainen
Yn tsjinstelling ta eardere berjochten begjint C2 tongersdei te trainen.

Boudewijn en Siepie nije leiders fan SDS A1
No ’t Hendrik de Jong wer fit genôch is om te fuotbaljen is hy stoppe as leider fan A1. Ek Annemiek Zweemer hat minder tiid trochdat sy sneons mear wurkjen gien is. Dit betekene dat der foar nei de winterstop in oplossing komme moast. Hjoed kinne wy melde dat Boudewijn Kramer en Siepie Fopma de nije leiders wurde fan A1. Boudewijn ynstee fan Hendrik en Siepie ynstee fan Annemiek.
Yn ien wurd: hartstikkene fet super!
 

SDS 1 oefent tsjin Oeverzwaluwen 1
Jûn oefent SDS 1 tsjin Oeverzwaluwen. Sy geane 18.45 oere fuort út Easterein en fuotbalje om 20.00.
Seleksje: Jaap, Ewout, Jacob-Klaas, Tsjipke, Arjan, Feiko, Skelte, Erik, Harm, Dirk-Yde, Dirk, Redmer, Wytze, Johan, Kristian.
Klaas Pompstra makket as flagger syn debút yn 2012.

Transfers binnen SDS

Yn e D-pupillen is der in transfer west fan Wiard Koopal út de D2 nei de D1. De jonges fan de D2 winskje him dêr in protte wille ta.

Fanút de D3 is foar de D2 Steven Vellinga oankocht. Mei dizze snelle en tûke spits beskikt de D2 no oer in supersnelle foarhoede en hoopt troch konstant druk op de goal fan de tsjinstanners te hâlden net te merken dat Wiard net mear yn de ferdediging stiet.
Hans

Wa wurdt kampioen?
De Nederlanse kompetysje is hartikkene spannend en je kinne der neat fan sizze wa ’t kampioen wurdt. Wy binne der tige wiis mei dat de measte
foarsizzingen meastentiids net útkomme.

91 jier
Hjoed hawwe der 3 SDS-ers harren jierdei. Meielkoar wurde se 91 jier. Doede de Jager is de jongste mei 7 jier, Lieuwe Jan van der Brug is 37 wurden en Remco Bervoets makket de 91 fol. Alle trije fan herte lokwinske.

Fuotbalhumor
Út IJsselstein komt de sealfuotbalferiening BWI, oftewol Beter Weten In. Yn de omjouwing fan Utrecht “zaalvoetballen ze dus altijd tegen Beter Weten In……….”

Harsens derby(698)
It is dreech te sjen, mar it liket derop dat de skiedsrjochter hjir mis sit: