Weppers moandei 27-2

Útslagen sneon 25-2
24 februari 2012
Weppers tiisdei 28-2
28 februari 2012

Foto’s
Dirk de Jong jout ús in link mei dêrop de foto’s fan SDS 1 yn Dokkum. Sjoch hjir.

Der kin wer traind wurde
Sa as gewoanlik nei eltse training de materialen opromje, ballen yn netten, hessies ophingje en de goals efkes oan de kant sette.
Sukses en in protte wille tawinske.
Groetnis,
de TC


Trainen C2
beste mensen,
a.s. dinsdag 28 februari begint ook voor de C2 de training. Ook op donderdagavond om 18:00 gaat de tweede training weer los.
Geef het zoveel mogelijk door aan iedereen.
groetjes, de trainers

Trainen D2
D2 traint hjoed wer foar de earste kear yn 2012 traine yn Easterein.
Allegear op tiid der wêze!!!
Gr. Hans

Trainen B- en C-seleksje
Wij trainen maandag voor de laatste keer in Sneek om 20.00 zolwel de B-en C selektie wordt verwacht
Johan

SDS 1
Moandei gjin trainen. Wa’t tiisdei net kin of net selektearre is mei moandei mei it twadde traine yn Snits.
Tiisdei oefenje tsjin Oeverzwaluwen. 18.45 oere fuort út Easterein en om 20.00 spylje.
Seleksje: Jaap, Ewout, Jacob-Klaas, Tsjipke, Arjan, Feiko, Skelte, Erik, Harm, Dirk-Yde, Dirk, Redmer, Wytze, Johan, Kristian en fansels ús nije grins Klaas.
Tongersdei om 20.15 traine oere yn Easterein.

Lokwinsken
De lokwinsken fan juster wiene foar Rick Hendriks dy’t 19 wurden is en foar Tessa Booms dy’t 18 wurden is.
Hjoed hawwe wij gjin jierdeis op ús SDS kalinder stean.

Doelpunten
Wij hâlde in doelpuntenklassemint bij. Net foar ús sels mar foar de klup. It is bijsûnder spitich dat wij de doelpuntenmakkers net troch krije fan de lieders fan bijgelyks SDS 3 en SDS 5.

Doelpunten SDS 5 en SDS 3
De boppesteande oprop docht fertuten.
Harm Auke jout oan dat Johan Delfsma (4), Ronny Wagenaar en Harm Auke Dijkstra de doelpuntenmakkers wiene bij SDS 5.
Sytse Kooistra jout noch krekt foar tolven troch dat it tredde hat sneon mei 6-1 wûn hat en de doelpunten makke binne troch:
Pieter Kamstra (2x)
Ralph Wariman (1x)
Sytze Kooistra (3x)

Linen
It liket allegear sa fanselssprekkend, dat sneontemoarn de linen wer kalke binne. Dat hie ôfrûne sneon best wol oars wêze kind. Klaas Overal gie freed tsjin de jûn noch efkes wat rûntsjes draven om it fjild hinne en seach dat der gjin dúdlike wite linen wiene. “Dat doocht net” tocht Klaas gelyk. Hij naam foar de wissichheid mar efkes kontakt op mei de linekalker fan dy wike en kaam der efter dat dy it “alhiel troch it sin gien wie”. Klaas sei ta dat hij it sneontemoarn betiid noch wol efkes dwaan soe en dêrtroch kommende freed frij hat. Dan moat de wat ferjiteftige linekalker fan ferline wike.

De namme
Fuotbalklups feroarje yn de tiden mar dat de nammen fan de klups ek feroarje is spitich. Yn Snits begong it mei Hubert Sneek wat no iets mei Boso SWZ is. It kin noch gekker want ONS moat ek Boso wurde. Henk van der Veer, fuotballer bij ONS en stikjeskriuwer fynt it mar neat. Sjoch
hjir

Harsens derby(697)
Wy hawwe neat op mei Cristiano Ronaldo, mar dizze goal is dochs aldermerakelst!