Evenementen in december 2022

Weppers moandei 27-1
27 januari 2014
Weppers woansdei 29-1
28 januari 2014

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie moarntejûn ek wer los. Sy spylje om 20.30 thús tsjin Jubbega 3. Roel Sybesma betsjinnet it skoreboerd.

Sealtraine SDS 2 en 3
Tongersdeitejûn traine SDS 2 en 3 wer yn de seal fan 21.00-22.00. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Sealtraine jeugd
Fannemiddei fan 16.30-17.30 traine E1 en E2 û.l.f. Matthijs Postma en Yward Zijlstra yn de seal yn Easterein. Tongersdei binne E3 en E4 oan de beurt fan 17.00-18.00 û.l.f. Hans van der Schaar. Sjoch
hjir foar it hiele sealskema foar de jeugd.

Kompetysje-yndielingen
Justerjûn kamen der ferskeidene fertsjintwurdigers fan amateurklups út Fryslân yn de kantine fan SC Bolsward byinoar foar de nije foarjiersyndielingen fan de ferskeidene jeugdkompetysjes. Wy binne benijd wat der foar de SDS-jeugdteams útrolle is.

EK-sealfuotbal
Jûn start it EK-sealfuotbal yn Antwerpen. Nederlân fuotballet om 18.30 tsjin Ruslân. Je kinne it sjen op Eurosport.
Hjir it hiele skema:


SDS-Look-a-likes
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl! Yn de folgende Treffer kinne jim de nijste rissultaten dan wer sjen.
Sjoch hjir foar eardere SDS-Look-a-likes.

As twa hiele dikke drippen wetter………

Harsens derby(1199)
Omdraaie en sjitte…………