Weppers tiisdei 27-9-2022

Foto’s SDS 1 – Scharnegoutum 1
25 september 2022
Freed ruilmiddei SDS-jubileumfuotbalplaatsjes yn de byb
27 september 2022

Degradaasje

It is no algemien bekend dat der dit jier in fersterkte degradaasje plakfynt yn it amateurfuotbal. Dat jildt ek foar 3A, wêr’t SDS yn spilet. Posysje 8 is feilich, posysje 9,10 en 11 spylje neikompetysje en posysje 12, 13 en 14 binne streekrjochte degradanten.
Wij seagen efkes werom yn de sifers. SDS 1 sit sûnt 2013-2014 yn de tredde klasse A. Der hawwe twa koroanajierren west dy’t net meitelle. Op basis fan dy oare sân seizoenen kin steld wurde dat je yn it seizoen 2021-2022 mei 33 punten feilich west hiene en dat yn it seizoen 2015-2016 38 it feilige oantal punten wie.

SDS 2 seal spilet thús

Woansdeitejûn yn sporthal de Greidhoeke spilet SDS 2 thús tsjin NTW 2. It begjint 20.00 oere

SDS 1 seal spilet út

Op ‘e Jouwer spilet SDS 1 woansdeitejûn in útwedstriid tsjin Haskerland 3. It begjint dêr krekt 5 minuten earder.

SDS/Nijland JO17-2 nei Snits

In ljochtwedstriid foar SDS/Nijland JO17-2. Woansdei yn Snits tsjin ONS JO17-3 wurdt it 3-0

Oersicht FD

It Friesch Dagblad makket nei it wykein altyd in prachtich oersicht op basis fan twitter berjochten wat er bard op de fuotbalfjilden. De foto fan Lourens van der Pol makke troch Henk Bootsma komt ek foarbij. Sjoch hjir

Oersicht LC

Ek de LC hat ek in oersicht makke, mar dan yn de krante. De kop kinne wij sjen litte, foar de rest is in abonnemint miskien in idee.

Ruilmiddei SDS-jubileumfuotbalplaatsjes yn de byb

Kommende freed is it tusken 15.00 en 16.00 oere mooglik om by de byb yn Wommels plaatsjes te ruiljen. Jûn mear hjir oer.

Harsens derby (2094)

Toet, toet, Totti!