Weppers moandei 26-4

Weppers snein 25-4
23 april 2010
Weppers tiisdei 27-4
26 april 2010

C2
Jûn om 19.00 oere spilet C2 thús tsjin Bakhuzen C1.

Freedtejûn gjin sealfuotbaljûn
Ôfrûne freedtejûn moast SDS 1 dochs nei Ljouwert om tsjin Futsal Cambuur 2 te fuotbaljen. SDS 1 hie mar 4 man en ferlear dan ek. Jaap, Peter, Ruerd en Willem koenen de skea beheind hâlde oan ’t 14-0. Sa kaam der wat op in nuvere manier in ein oan dit seizoen.

SDS 3-nijs
SDS 3 traint tiisdei net. Wa’t fan it tredde dochs even mei it fiifde balje wol moat even belje (sa gau mooglik) mei Jan. It 5e hat in oefenwedstriid en giet om 18.00 oere fuort.
It tredde hat tongersdei de leste training mei oanslutend in lekker kald bierke yn de kantine. Oankommende sneon gean we nei de wedstryd der mei syn allen op ut. De list mei spilers dy’t wy graag mei ha wolle komt hjoed as moarn op de site. 
Groeten Jan 

Seleksje SDS 5
SDS 5 giet moarn nei Ljouwerter Sweltsjes 11. De folgende spilers geane mei:
Sjoerd vB, Ids, Bertus, Lieuwe Jan, Harm Auke, Auke, Sipke, Christiaan, Marco, Aant, Erwin, Pieter K, Hendrik, Bauke Jan en Robert

Foeilelijke sjurts (31, diel 2)


Juster seagen jim dit sjurt wêr ’t wy doe noch net hielendal fan wisten wêr ’t it weikaam. 2 mailtsjes letter is alles dúdlik:
Ik wit wol fan wa die is, of west is.Folgens mij wiene it de glorie tiden fan Pieter de Boer toen die keeper wie.Dit shirt is mij bij bluiwn, omdat die echt oergrizelik lelijk is.Vroeger ien de F,kes
Groetnis Dirk
Ik wie krekt efkes op de site van sds en der seag ik een keepers shirt foarbij kommen is dat jimme Pieter ??
Dit shirt is namelijk vroeger van mij west erg leuk om em sa wer werom te sjin:p
Nei mij hat Pieter van Gerrit en Anneke Sietsma dizze fan mij kriegen !!
Ik tink sa witte jim de geschiedenis van dit shirt ek ff bij SDS!!! 
Groetnis Pieter
En ynderdaad. Pieter Sytsma hat it fan ‘e wike by ús oan de doar hong.
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (202)
As je sa ’n keeper hawwe dan wolle je as spits wol efkes meiferdigenje: