Weppers tiisdei 26-7-2022

Yn it Friesch Dagblad
18 juli 2022
Bekeryndieling SDS 1 en SDS 2
29 juli 2022

Tarieding SDS 2

De nije trainer/koach fan SDS 2 hat it tariedingsprogramma klear. Hoe’t dat der út sjocht kinne jim hjir sjen.

Rinne

It wie fansels in makkie dit jier om de trije dagen fan Nijmegen te rinnen, mar alle respekt foar Jelmer Posthumus (SDS 3)  want dy hat him ûnder waarme omstannichheden útrûn yn syn legerkloffie

Ek âld SDS 1 spiler Jan Weijer hat syn stappeteller flink op toeren jaaid troch (mei famylje) dy tocht út te rinnen

PC

Yn de wike foar de PC sjogge wij altiten al efkes foarút nei de mooglikheden foar in “earstenfraachje”.  Yn gouden tiden stiene der samar 5 of mear SDS-er op de list. No freze wij dat it mei 1 of 2 wol ophâldt, of der moat yn it grutte spul noch mear blessures komme.

Bekeryndieling

At alles goed giet dan wurdt op 29 july de bekeryndieling bekend makke. Wij binne benijd.