Weppers tiisdei 25-1-2022

Dy Tjitse
23 januari 2022
De nije Koronarigels
27 januari 2022

De nije Koronarigels

Fannejûn binne der wer nije Koronarigels bekend makke. Wy sille de kommende dagen sjen hoe ’t wy dit by SDS ynfulle sille. Der mei yn elts gefal wer fuotballe wurde!

Mei publyk!

Wat in aardichheid dat wy sneon wer publyk by it fuotbaljen ûntfange meie. Wy hawwe se mist!

Oefenje (1)

SDS 1 sil sneon thús om 15.00 oere oefenje tsjin sneons-4e-Klasser QVC út Starum.

Oefenje (2)

SDS Vr.1 sil sneon yn Snits oefenje tsjin de froulju fan SWZ . Dit bard om 14.00 of 15.00 oere.

Oefenje (3)

Der wurdt noch socht nei in oefentsjinner foar SDS 2 foar kommende sneon.

Kompetysje senioaren

De rest fan de senioaren meie sneon wer los foar de kompetysje, want sy hawwe ommers gjin training nedich 😉
It sjocht der foar harren sa út:
12.15 oere: Sc Joure 4 – SDS 3
14.30 oere: Hielpen 2 – SDS 4
12.45 oere SDS 5 – Nijland 4

Kompetysje jeugd

Ek alle jeugd mei sneon wer los. It thúsprogramma sjocht der sa út:
9.00 oere: SDS JO11-1 – SJO DFC JO11-2
9.00 oere: ST SDS/Nijland JO15-2JM – LSC 1890 JO15-3
9.00 oere: SDS JO9-2 – Tzum JO9-1JM
10.00 oere: SDS JO8-1 – Oeverzwaluwen JO8-1
10.45 oere: ST SDS/Nijland JO17-1 – vv Sneek Wit Zwart JO17-2
11.00 oere: ST SDS/Nijland JO13-1 – Akkrum JO13-1

Harsens derby (2342)

Mocht Jaap Toering dit seizoen in penalty kere dan wit hy al hoe ’t hy juichen giet: