Weppers tiisdei 24-3

Weppers moandei 23-3
23 maart 2009
Weppers woansdei 25-3
24 maart 2009

Scheidsrechters gezocht.
Door de ziekte van Jelle de Boer en de reserve Andre Bons, en het toevoegen van een extra team (6e) is er een structureel probleem ontstaan met de scheidsrechters. Voor de komende speelronden krijg ik de invulling van de wedstrijden niet meer rond. Daarom een dringende oproep aan iedereen met scheidsrechters kwaliteiten om zich te melden bij ondergetekende. We hopen dat het tijdelijk is, en dat Jelle en Andre spoedig mogen herstellen. 
Vriendelijke groeten, 
Andre Vink scheidsrechterscoordinator v.v.SDS
P.s. Inmiddels loopt de problematiek rondom de scheidsrechter op.
Voor 11 april zijn er al 2 wedstrijden die niet doorgaan als er geen scheidrechter te vinden is.

Rabje (8)
Juster hienen wy it hjir oer geruchten dat spilers fan SDS yn belangstelling stean soenen fan û.o. VV Wit-Zwart-Sneek, SC Joure, VV Nijland en inkelde Ljouwerter klups. Wy tochten dêrby noch net lyk oan SC Cambuur, mar no ’t wy witte dat earste keeper Peter van der Vlag fuort mei falt it kwartsje. Soe Alex Pama fan ‘e wike bekend meitsje dat Jaap Toering de nije keeper wurdt?(klik hjir).

Drop
3 april komt de jeugd fan SDS bij de doarren lâns om drop te ferkeapjen. Foar mar 2 euro 50 kinne je hiele moaie swarte tosken krije.

Topskoarders
De topskoarderslist is wer bijwerke. Jim kinne
hjir sjen dat Harm en Jappie beide dit wykein net skoard hawwe. Skelte en Tsjalling binne de earste efterfolgers.

Sealfuotbal
André Bons lit ús noch witte dat SDS 2 foarige wike ferlern hat yn de seal. Sy gienen mei 5-3 ûnderút tsjin de nûmer 3, Wit-Zwart-Sneek. Klaas, Johan en Jacob maken de goals foar SDS. Moarntejûn moat SDS 2 út nei Blauw-Wit 9 en om 22.00 bolje. 

Lowick United FC
Anne-Marije Hofstra fan SDS Da 1 is sûnt febrewaris yn Noard Ingelân. Sij hat har earste wedstryd der ek al opsitten bij de froulju dêr. Bij
FC Lowick United stie se op it middenfjild en se wûnen mei 4-2. Der binne al in oantal opmerklike ferskillen mei SDS. Der is gjin kantine dus de kroech is der foar de tredde helte mei gelyk iten der efteroan en it brûzen nei de wedstriid is dêr tige ûngewoan.

SDS League
Yn de Eredivysje wurdt op it heden net bot skoard. Wy sille sjen as der yn de SDS League al wat skoard wurdt. Jim kinne it hjir moarntejûn sjen.

Jubileum
Messi makke snein syn 50e goal foar Barcelona. Ek dizze wie wer in plaatsje: