Weppers moandei 23-3

Weppers snein 22-3
22 maart 2009
Weppers tiisdei 24-3
23 maart 2009

Rabje (1)
Noch 6 wedstriden en it fuotbalseizoen sit der alwer op. Dit betsjut dat der alfêst nei folgend seizoen sjoen wurdt b.f. nei welke spilers der yn de A-seleksje bliuwe of miskien wol fuortgean of stopje. Wy hawwe de lêste tiid al hiel wat geruchten heard.

Rabje (2)
Arnoud Koster soe yn de belangstelling fan SC Joure stean. Binnenkoart sil hy in gesprek mei de Jousters hawwe oer wat sy him te bieden hawwe.

Rabje (3)
Dirk-Yde Sjaarda soe yn de belangstelling fan VV Wit-Zwart-Sneek stean. Dizze Haadklasser soe binnenkoart in gesprek mei Dirk-Yde oangean wolle.

Rabje (4)
Harm Stremler soe der nei dit seizoen mei stopje neffens ûnbetroubere bronnen. Hy hat it te drok mei syn gesin.

Rabje (5)
Ôfrûne sneon wie der in delegaasje fan VV Nijland te sjen by SDS 1. Wy soenen der net raar fan op sjen as sy kamen foar keeper Jaap Toering. Marten van der Kamp hâldt der ommers mei op by VV Nijland. Wy seagen de sûkeromke fan VV Nijland Huitema mei mear as gewoane belangstelling de ferjochtingen fan Jaap folgjen, dus wy binne benijd. Ek soe Jaap yn de belangstelling stean fan inkelde Ljouwerter klups.

Rabje (6)
Neffens hearen en sizzen sil Tsjeard Halbersma folgend seizoen in wrâldreis meitsje. Fan fuotbaljen by SDS 1 sil dan net folle komme.

Rabje (7)
Gert-Jan Hiemstra sil sa ’t no stiet nei de simmer syn fuotbalskuon wer út de wylgen toverje. Fan it simmer soe hy mei striker Dooitze Nauta syn kondysje wer op peil bringe wolle.

Fuotbalhumor
Robbie Savage fan Derby County stiet bekend om syn fuotbalhumor. Sa soe hy ea in boete fan tûzenden Ingelske Pûnen krigen hawwe om ’t hy op it húske fan de skiedsrjochter sitten hie te bouten. Dit kear wurdt Robbie Savage sels foar de kroade riden: