Weppers tiisdei 22-7

Weppers tiisdei 15-7
14 juli 2014
SDS 2 2014-2015
23 juli 2014

Gjin weppers?
Foar it earst yn de skiednis fan de SDS-webside hawwe jim mar leafst in wike gjin weppers fan ús krigen. Wy hoopje dat jim se krekt sa mist hawwe as ús en dat wy it yn de rest fan de simmerfakansje dûbel en dwers goed meitsje kinne!

SDS 2
SDS 2 hat foar folgend seizoen noch altiten gjin trainer, mar dat betsjut fansels net dat sy harren net tariede sille op it nije seizoen. Moarn kinne jim hjir lêze hoe ’t de tarieding der yn earste ynstansje útsjen sil.

Kompetysje-yndielingen
Wy kamen ek noch wat nije kompetysje-yndielingen tsjin op de webside fan KNVB-Noord. De kommende dagen kinne jim se hjir ek sjen.

10e Jong-Feinte-partij
Moarn is op de sportfjilden yn Easterein wer de jierlijkse Jong-Feinte-keatspartij. Dizze partij foar junioaren fan 17-22 jier begjint om 11.00. Fansels dogge der ek wer ferskeidene SDS’ers oan mei. Efkes rap nei de list sjoen sjogge wy sa in stik of 10(sjoch
hjir).

Alderaardichst
fashion2
Peppi & Kokki
“De nije Coentunnel is klear, dus dêr kinne wy daliks moai trochhinne ride”.
Peppi: “Wat in gekke namme; Koent-tunnel”
Kokki: “Dy sil wol brún wêze fan binnen………….”

Harsens derby(1308)
As je yn july al je moaiste goal fan it seizoen meitsje dan kinne je de rest fan it seizoen de fuotbalskuon foar itselde jild yn de beam hingje:


Moarn mear!