Weppers tiisdei 22-6

SDS WK-League (nei 32 wedstriden)
21 juni 2010
SDS WK-League (nei 36 wedstriden)
22 juni 2010

Kompetysje-yndieling
De kompetysje-yndieling foar SDS 1 is ek bekend. Sy komme út yn in folledige Fryske kompetysje. Kommend seizoen sitte der gjin 12 mar 14 ploegen yn de 2e-Klassen.
De 2e-Klassen I en J Noord sjogge der sa út:

2e klasse I                   2e klasse J
BCV 1                         Aduard 2000 1
Be Quick D 1                Bant 1
Broekster Boys 1      De Weide 1
Buitenpost 1                Eems Boys 1
Heerenveense Boys 1   FC Meppel 1
Kollum 1                      Olympia’28 1
Minnertsga 1               SC Loppersum 1
Oostergo 1         SC Rouveen 1
SC Veenwouden 1     SCN 1
SDS 1                  SJS 1
t Fean’58 1                SVN’69 1
VC Trynwalden 1        VEV’67 1
VVI 1                        VHK 1
Zeerobben 1                ZFC Zuidlaren 1

Skuor
Hendrik de Jong hat wat mei Feesten. Inkelde jierren werom skuorde hy mei de Eastereiner Feesten syn achillespees en koste dit him de rest fan de feesten en syn fakansje. No gie hy foar de Wommelser feesten mar fêst op fakansje en dat wie mar goed ek. By de Sletterace sprong hy yn in sleat en helle syn kût fan boppe oan ’t ûnder iepen. De Feesten foarby en in anti-biotica-kuur moatte him der wer boppe-op helpe. Lokkich hie Hendrik middeis de krâns al wûn by it keatsen………..

Jeu de Pelote
Foar de minsken dy’t der jûn efkes út wolle: om 19.00 oere spilet Easterein yn en tsjin Easterlittens op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote.

Wiziging tiid Regioteam – SC Cambuur
Op sneon 3 july sil in Regioteam it opnimme tsjin SC Cambuur op it fjild fan VV Nijlân. Fan SDS sille Tjipke Okkema en Erik Haitsma meidwaan.It tiidstip fan dizze wedstryd is wizige fan 17.00 yn 18.00 oere.

Vuvuzela
Yn Súd-Afrika binne de Vuvuzela’s net oan te slepen en somtiden útferkocht. Dizze Súd-Afrikaan hat hjir wat op fûn:
Vuvuzelagieter_thumb

WK 22 juni 2010
Dit Wommelser Kampioenskip stie yn it teken fan herstel. Protte minsken die wer foar it earst yn beweging wiene nei de festiviteiten.
Wat foel der dizze edysje op? 
– Hendrik E. nimt de stek-pass wel hiel letterlijk..de bal wie gelukkich net lek.
– “Hast gjin horloge om Arjan? Maar wol skeenbeskermers…”
– 4 panna’s bij Bram v. B
– Henk P. hie oanfaltsjes 
Team Donker:
Henk P., Ate F. de B., Sytze H. en Hendrik E. 
Team Gekleurd
Bram van B., Jacob von W.,Jaap T.,Willem W. en Arjan P. 
Juster wiene der 9 man op it WK, dit yn tsjinstelling tot de 18 die der ôfrune tongersdei wiene. Ek dit is de charme fan it WK want mei wat minder minsken wurt der opfallend mear scoord. Moai Samba fuotbal wer de conditie op it lêst toch syn parten spyljen die.
Nei de reguliere spieltiid wie it team Donker welke de boppehân hie, mar die ferrekte winnende goal soarge derfoar dat team Gekleurd oan it langste ein luts.
Willem W. wie die hiele dei al trefseker(foaral fan in ôfstan) en makke ek de winnende goal koelbloedig ôf.
Fia dizze wei wol it WK bestjoer Hendrik de J. nog in protte succes/sterkte winskje mei it herstel, syn geniale breedtepasses sille de kommende wiken mist wurde.
Folgende WOANSDEI 20:00 is der wer in WK, dit yn ferbân mei Oranje en it skynt dat der ergens in optocht is.
Hoogachtend,
Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof


Harsens derby (237)
Hartstikkene aardich dat fuotbaljen by de Wommelser Feesten, mar wêr bedarret skiedsrjochter Anne Brouwer yniens?