Weppers moandei 19-9
18 september 2011Weppers woansdei 21-9
20 september 2011C1
At alles goed giet set C1 jûn ôf nei Tsjummearum om tsjin de pleatselike favoriten te fuotbaljen. Letter hjoed kinne wij miskien de útslach noch melde.
Programma kommende sneon
9:00 SDS D1 – Heerenveen D3 9:00 SDS E1 – Scharnegoutum’70 E1 9:00 SDS E2 – OudegaHJSC E1 10:10 SDS E5 – CVVO E7 10:10 SDS F2 – TOP’63 F1 10:15 SDS C1 – Harlingen C1 11:10 SDS D3 – Oosterlittens D2 12:00 SDS 4 – Jubbega 2 12:30 SDS F4 – Workum F7 14:30 SDS 1 – VVI 1 14:30 SDS 3 – TOP’63 2 9:00 Workum C2 – SDS C2 9:00 Scharnegoutum’70 E3 – SDS E3 9:00 Irnsum F3 – SDS F3 10:30 Bakhuizen A1 – SDS A1 10:30 Berlikum SC MC1 – SDS MC1 11:40 Makkum B1 – SDS B1 12:15 LSC 1890 D4 – SDS D2 12:40 LSC 1890 E10 – SDS E4 14:00 Heeg/IJVC DA1 – SDS DA1 14:30 Fean’58 2 – SDS 2 14:30 AVC 3 – SDS 5 14:30 Zeerobben DA1 – SDS DA2
Aldfeinten
Op 2 oktober, dat is op in snein, dan kinne je yn Easterein wer fan alles dwaan. Klaverjasse, rekreaasjefolleybal en Bh-smite. Op dit affysje kinne jim der alles oer lêze. En opjaan dat moat foar 1 oktober.
Keale kwis
Sjoent der guon SDS’ers hieltiten minder hier krije (en guon júst mear) is dit miskien wol in aardich kwiske.
Rûnom Easterein
In wike letter stiet Easterein yn it teken fan de fyts. En omdat wij tige foar it fytsen binne foldogge wij graach oan it fersyk oan te jaan wat it programma is.
It parkoers fan sa’n 13 kilometer, mei de start foar Kafee Bergsma, liedt ús lâns Itens, Rien, Reahûs, De Kliuw en wer Easterein. Fansels fytse we ek wer troch de kroech hinne!
Manlju
Topklasse (3 rûntsjes, foar de écht rappe jonges ûnder ús)
A-klasse (3 rûntsjes, foar de wat minder snelle fytsers)
Dikke-banne-klasse (2 rûntsjes op in gewoane fyts, de rekreaasjeklasse sis mar)
Froulju
Topklasse (2 rûntsjes, foar de froulju op in racefyts)
Dikke-banne-klasse (sjoch manlju)
Wichtich hjirby is wol dat jim by opjefte sels oanjaan moatte yn hokker kategory jim starte wolle! By twifelhâld de organisaasje al it rjocht om yn te gripen!
It programma fan dizze dei sjocht der sa út:
13.00 oere Sammelje by Kafee Bergsma en mei-inoar spagetty ite
15.00 oere Start fytswedstriid (yn ferskate klassen)
Nei ôfrin is der muzyk yn Kafee Bergsma fan BUTTERFLY!!
De kosten foar dit spektakel binne €15,-, dit is ynklusyf it iten. Derby moat eltsenien sels foar in (race)fyts soargje. Let wol, dielname is wol gehiel op eigen risiko!Sjogge jim it sitten om dizze útdaging oan te gean? Jou jim, manlju én froulju, dan no op troch in email te stjoeren nei runomeasterein@hotmail.com. Wy hoopje fansels wer op in protte dielname!
Opjefte kin oant woansdei 5 oktober!
Mei sportive groetnis,
Anne, Dirk-Yde, Feite, Robert en Sjoerd
Greidhoek’ Festival
Sa te sjen hawwe in bult SDS’ers harren ôfrûne sneontejûn best fermakke op it Greidhoek’ Festival. Sjoch hjir mar ris.
Harsens derby (567)
Net allinnich by SDS 3 snappe se der neat fan fan wat de trainer seit: