Weppers moandei 19-3

Weppers snein 18-3
18 maart 2012
Weppers tiisdei 20-3
19 maart 2012

Frouljustrainen
It frouljustrainen begjint jûn om 19.30.
Eeltje


Foto’s ONT 1 – SDS 1
Op de webside binne prachtige foto’s fan Robert Wagter werom te finen fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tusken ONT 1 en SDS 1 (klik hjir).

Dirk de Jong baalt neidat de bal krekt njonken de ferkearde kant fan de peal rollet…………

Ferslach SDS 2
SDS wûn dan dochs wer in kear. Nota bene sûnder de eigen trainer/koach. Dizze oerwinning sette Hendrik de Jong oan ta skriuwen:
Makkum wie de 1e helte iets better en krige ek de bettere kansen. Sjoerd van Beem rêde in pear kear knap. SDS moast it dwaan mei in pear spjeldeprikjes. 2 minuten foar de thee kamen we op in 0-1 foarsprong troch in doelpunt fan Jan-Simon Jelsma nei in knappe aktie fan Ayanle ”Lukoki” Barkat. Krekt nei rust kaam Makkum op 1-1 fanút in frije traap. Hjir siet in bûtenspul luchje oan omdat de bal underweis nog oanrekke waard troch in spiler fan Makkum dy ’t bûtenspul stie, mar de skeidsrjochter keurde him goed. In heal oere foar tiid kamen Jildert en Hendrik yn ’t fjild foar Johan en Arjen. Der kamen romtes oan beide kanten omdat beide teams foar de winst gongen. 2 minuten foar tiid makke Gerrit in prachtige goal mei in skot fanôf 16 meter dy ’t der ûnderkant latte yn gong. Yn blesuretiid besliste Hendrik de wedstriid mei in mooi skot fan út ‘e draai nei in moaie stekbal fan Ayanle.

SDS F6
SDS F6 mocht ôfrûne sneon foar it earst thús fuotbalje. De mannen en it froulju wienen o sa grutsk:

Henk Bootsma makke fansels ek noch prachtige foto’s fan de wedstryd fan SDS F6 tsjin Sneek WitZwart F7(klik hjir).

Gjin oefenpot
De wedstrijd van dinsdag tegen IJVC gaat niet door voor de <23. dus gewoon trainen.
Johan en Marco

Ferslach SDS 1
In stikje út it ferslach oer ONT1-SDS1:
“Curieus was de gelijkmaker van ONT in de 45e minuut. Hulzinga soleerde door de SDS verdediging, loste een schot op doel dat werd geblokt door doelman Ruiter. Jasper Drenthe had de bal voor het intikken, raakte de lat waarna Mario Dekker de bal het laatste duwtje moest geven. Dat Drenthe op het moment van het schot van Hulzinga buitenspel stond werd door arbiter Adema uit Wouterswoude niet als hinderlijk ervaren.”
Hiele ferslach:
Dochs moai dat sa’n ferslachjouwer earlik ferslach jout.
Klaas Pompstra

SDS 65 jier!
Op freed 10 augustus bestiet SDS 65 jier. Hâld dy dei mar fêst frij, want der stiet wis wat op it programma dy dei.

Nije Treffer
Wy hoopje dat ein fan dizze wike de Treffer wer klear is om op drukt te wurden by Van der Eems. Wa ’t noch in aardich Trefferke of iets foar yn de aginda hat of soksawat mei dit maile nei DeTreffer@vv-sds.nl.

Bus opwachtsje

De bus opwachtsje wurdt de nije trent. Bij PSV hat it ferline wike fertuten dien en dêrom wolle sommige Feanfans ek al nei dat middel gripe. Ien fan de wepmasters wie juster yn it PSV stadion bij de wedstriid en hij wie hielendal net ûntefreden oer it resultaat. Twa kear sprong hij op út syn lukse stoel. Bij 0-1 en de 0-2 fan Feyenoord.

En doe’t hij op de werom reis de Feanbus foarbij gie, wie in tomme omheech de beleanning.
Feyenoord wer boppe scH.

Harsens derby (714)
In passke oer 4 meter slagget somtiden net, mar sa kin it ek fansels: