Weppers tiisdei 2-6

Útslach SDS-ferlotting!
2 juni 2015
SDS League: "Postmeister" pakt titel!
2 juni 2015

Alle spilerspassen ynleverje!
ALLE leiders moeten alle passen inleveren voor maandag 8 juni!
 
Jacob Hofstra, Tina Wiegers
Pastoar ten Bokumstr. 15
8736 JG  REAHUS
Of lever ze in bij iemand anders uit het bestuur die ze op 9 juni mee kan nemen naar de bestuursvergadering!

Utslaggen sneon
Troch al dy moaie drokte op sneon soene je hast ferjitte dat der ek noch fuotballe is.
SDS 2- Sij wûnen úteinlik mei 3-0 fan Rijperkerk 2, mar troch it 4-0 ferlies earder giet Rijperkerk troch yn dizze neikompetysje

SDS VR2: Sij moasten yn ien wike twa kear tsjin Zeerobben 2. Ut waard ferlern mei 12-0 en thús mar mei 1-10. Ieda de Boer pikte it doelpuntsje mei.

SDS MD1: de kampioenen wûnen de lêste wedstriid fan sc Franeker MD 1 mei 1-3.

SDS F3G: Ek al sa’n kampioenteam dat de lêste wedstriid ek wûn mei 7-0 tsjin ONS Sneek F5

SDS B2: 3-4 wie de einstân fan de thúswedstriid tsjin GAVC B2.

Programma
It liket er op dat woansdei de alderlêste wedstriid fan it seizoen is. SDS 5 moat nei Ljouwert om te fuotbaljen tsjin Lions 5.

E3 tsjin de heiten
Tongersdei om 19.00 oere sille de mannen fan E3 it yn Wommels opnimme tsjin harren heiten. Dêrnei sille sy mei syn allen út iten. Nei de snackbar!

SDS 1 en 2 derop út!
SDS 1 en 2 sille kommende sneon tegeare it seizoen ôfslúte. Sy sille op it keatslân yn Wommels earst mei de sêfte bal keatse, dan efkes bargjeknoeie en dan sjen as sy de Champions-League finale noch mei ien each sjen kinne.

Fyts liend
Goeie,
Doe’t ik sneon út de kantine kaam en op e fyts stappe soe doe die bliken dat myn bân lek wie. Gelokkich wie Boudewijn Kramer sa aardich om my in fyts út te lienen. Dy ha ik krekt wer werom brocht want hy wie ommers net fan my. Myn oare fyts hie ik stean litten yn it fytserek by de skoalleseize. Mar der is immen dy’t ‘m efkes lient hat want hy stie der net mear. Sa kinne we elkoar moai helpe. Wol soe ik ‘m graach werom ha wolle. It is in swarte fyts mei wite bannen en hat in brún, âld, karakteristyk sadel.
Graach efkes yn Kûbaard bringe. Komst mar op’e fyts dan bring ik dy wer thús!
Groeten,

Skelte.

Fyts liend (2)
Nei in tip fan Hendrik Engbrenghof is de fyts binnen 1 oere nei Skelte’s oprop ek alwer te plak:

Ozzy
De Treffer wurdt goed lêzen. Ek yn Spannum. Wij krije dit berjocht:
Hier even een reactie op agenda in de Treffer.(Nederlands) Onder agenda staat 11 juli Hendrik “Ozzy” Eringa sjocht Abraham!
Alle voorgaande 49 jaren vierde Ozzy zijn verjaardag echter op 8 juli, laat jullie niet foppen 😉 .
Kenner Ype de Vries

Harsens derby (1509)
Hatseflatse!!