SDS League: "Postmeister" pakt titel!

Weppers tiisdei 2-6
2 juni 2015
Weppers woansdei 3-6
3 juni 2015

De einstân fan de SDS League waard ôfrûne sneon bekend makke op de SDS-jûn!

Jelmer Posthumus waard de grutte winner mei “Postmeister”. Hy bleaun Igor Kalinowski mei “FC Kali” krekt ien puntsje foar.

Jelmer kin der ien op keapje!

Ien fan de wepmasters en “Frysk damjen is oars” fan Jelle Wiersma pakten tegeare it 3e plak.

Je soenen sizze dat Eeltsje Postma krekt bûten de prizen falt mei syn 11e plak, mar dit giet net hielendal op. Hy eindigt op ‘e nij boppe Gert-Jan Hessels wat betsjut: “2 krat H.J. a.u.b. Gert-Jan Hessels”!

De hiele SDS League gienen Dooitze Nauta en Anne Brouwer lyk op. Ek dit wykein, mar op ien of oare manier wit “Op Skobberdebonk” krekt boppe “JelmaFem” te eindigjen…….

“Team Sytsma” eindigt op in teloarstellende 58e plak en dat wylst sy ek noch in wykpriis pakten…….

Douwe Dirk Reitsma hat de gang omheech te pakken mei “DDR” Wêr ’t hy foar de winterstop noch lêste eindige pakt hy no in knap 65e plak……

De poedelpriis (in SDS-sjaal) wie der foar Ids de Boer mei “Id’s my life”.

It prizenjild sil nije wike oermakke wurde.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 12.

Oan ’t de folgende SDS-League!!