SDS League: Sybren pakt 1e priis!

Weppers moandei 18-5
17 mei 2009
Weppers tiisdei 19-5
19 mei 2009

Hiel ferrassend is it Sybren Wesselius dy ’t mei “FC Sjaak Afhaak” de earste priis pakt yn de SDS League. Foarige wike stie hy noch mar 5e. Ate Feike de Boer is twadde wurden mei “Klussen is mijn leven” en “Biertje Popov” fan Paul Reitsma 3e.

Sybren bliuwt beskeiden ûndanks 1e priis.

De Postma’s hawwe net sa ’n goed wykein hân. Mark sakket fan 1 nei 7 en Henk fan 3 nei 4.

De Haitsma’s wienen ek net echt te sprekken mei harren 11e plakje. Wat Jacob-Klaas al goed die is dat de boppeste 4 yn de SDS League út Wommels komme en de ûnderste 3 út ………Easterein.

Minne Bonnema kin dan wol in soad ferstân hawwe fan it amateurfuotbal(sjoch weppers woansdei). Fan de SDS League hat hy dit kear wat minder tsiis iten. Wol levert dit noch wat op. Hy is lêste wurden en pakt dêrmei de poedelpriis(wy moatte noch efkes sjen wat dit wurdt).

As alles goed giet dan wurde folgende wike de prizen oermakke.

Sjoch hjir foar de einstân:
einstân twadde helte 2008-2009.