Weppers moandei 18-3

Weppers snein 17-3
16 maart 2013
Weppers tiisdei 19-3
18 maart 2013

ONT 1 – SDS 1 
18.00 : der wêze
20.00 : fuotbalje
Skelte, Ewout, Feiko, Wietse, Kristian, Erik, Jacob-Klaas, Wytze, Arjan, Jelmer, Harm, Redmar, Jaap, Elger, Dirk Yde.
Ass.skiedsrjochter : Klaas Pompstra

SDS-ers der op út
Oeral komme je se tsjin dy SDS-ers. Ofrûne wykein wiene der 4 op út. Dit bejocht krigen wij fiafia… fan Chistiaan Hoekstra:
4 ‘Eastereinders’ nei TheTheatre of Dreams: Old Trafford yn Manchester. Juster binne we nei Manchester United – Reading west. Troch in goal fan Wayne Rooney wiene de 3 punten foar The Mancunians, mei Robin van Persie yn de basis!
De foto kinne jim
hjir sjen.
Fan links nei rjochts: Femke Boersma (import ut Balk mar ek in heale Eastereinder) Wilma, Samme (import fan Skylge) en Christian.

Druk
De druk op skiedsrjochters ek bij de pupillen wurdt hieltyd grutter.
Nim no Tjerk van der Pol. Hij krige fan it wedstriid sikretariaat troch dat hij sneon fluitsje moat. Op it briefke stiene de tiden, de boksyndieling en ……de útslach.
Dus jim kinne al fêst noteare: SDS F1 – Frisa F4   9-0

Colorsathome

Ek Johan Delfsma mailde ús noch mei in oanfulling op de  aksje foar Rinsma foar Remco. Sjoch
hjir.

Us sportive nichtje Mare
Wij fongen sneon noch twiit op fan in wedstriid fan SDS F5 yn Grou. De tekst wie: “ús sportive nichtje Mare van SDS-Easterein in actie tegen onze club GAVC”. Sjoch hjir

Fan herte lokwinske!
Al 113 jier en de slyt sit der noch lang net op. Fan herte lokwinske mei dizze dei!


Harsens derby(981)

Dizze is spesjaal foar Johan Heerma. Net om ’t hy sa ’n grutte noas hat, mar graach laitsje mei: