Weppers tiisdei 18-8

Weppers moandei 17-8
16 augustus 2009
Weppers woansdei 19-8
18 augustus 2009

B1
Jaap Zijlstra is lieder fan B1. Hij wol graach de útslaggen op tiid trochjaan oan ús. Mar dit wykein woe hij efkes langer wachtsje, want hij skriuwt:
Omdat der neffens my moandei’s minder besikers op de webside binne doar ik it no te melden.
Wy haw in pak op us sodemieter han.
De bekerwedstriid kaam foar ús te snel. Nei 2x traine mei 7 spilers en dan gelyk in wedstriid.
Der binne nog tefolle spiler op fekansje mar Koudum wie ek in klasse better. 
Wy hoopje sneon op in better resultaat tsjin Mulier B1. 
Jaap

Oefenje
SDS 2 sil jûn yn Damwâld oefenje tsjin Broekster Boys 2 (klik hjir). Sy fertrekke om 17.45 út Easterein en moatte om 19.00 fuotbalje.

Kalkje
Ek kommend seizoen sille de linen wer kalke wurde moatte. Wa ’t nocht en tiid hat om dit ien kear yn de 5 â 6 wiken de linen te krytsjen mei mail nei info@vv-sds.nl of kontakt opnimme mei Willem Twijnstra.

Programma seal
Dit jier sil der ek wer in SDS 1 yn de seal fuotbalje. It programma foar it hiele seizoen is al bekend. Je kinne it hjir fine.

De tas
Foar de senioren is it net ûngewoan dat nei trije helten de tas yn Easterein bij de kantine stean bliuwt. Komme je thús sûnder tas.
Unyk is it at je sûnder tas bij it fuotbaljen oan komme. Gershom van der Sluis fan E1 wie mei syn fuotbalmaten op de fyts stapt yn Wommels, drok pratend kamen se oan bij de Skoalleseize. Dêr foel it Gershom pas op dat hij syn fuotbaltas fergetten hie. Gelyk stapte hij wer op de fyts, tsjin de hurde wyn yn nei Wommels en kaam nei in lyts healoerke dochs noch op de training. Klasse Gershom en de oare jonges sille tenij kontroleare at de tas der is.

Skore?
Wat moatte je no yn sa ’n gefal? Earst de keeper oerein helpe (en dan skore) of dochs earst skore? Sis it mar: