Weppers tiisdei 17-1

Weppers moandei 16-1
15 januari 2012
Weppers woansdei 18-1
17 januari 2012

SDS 1 oefent en traint net
SDS 1 soe jûn oefenje tsjin Oeverzwaluwen. Dizze oefenwedstryd giet net troch. Ek wurdt der net traind. Kommende tongersdei is der wer trainen om 20.15 efter de sporthal.
Marco


Sneon clinic E-pupillen
Hoi Voetballers,
Zaterdag a.s. is er in de sporthal de Greidhoeke een voetbalclinic door Wytse Lanting van SDS 1.
Zoals het nu lijkt hebben de E1 en E2 een clinic van 09:00 tot 10:00 uur en E3,E4 en E5 van 10:00 tot 11:00 uur.
Bij matige deelname worden de groepen samengevoegd en is de clinic van 09:00 tot 11:00 uur.
Je kan je via deze link opgeven. Opgeven kan tot donderdagavond 19:30 uur.


Trainerskarroussel(4)
Johan Faber giet folgjend jier dan dochs fuort bij SDS. Hij sil sneins 5de klasser Blauwhuis traine. 

SDS A1 sil wer traine
Tongersdei sille de A’s wer foar it earst traine yn 2012. Sy dogge dit efter de sporthal fanôf 19.00.

SDS 2 en 3
SDS 2 en 3 traine tongersdei gewoan tegeare om 19.00 efter de sporthal.

Kampioen
Der binne sportlju dy’t net mear op of om sjogge at se kampioen wurde. Stoffel Bouma is der sa’n ien. Al tich jierren makket hij diel út fan it kampioensteam Frysk damjen fan Hartwert en al tich kearen waard hij dus kampioen. Sa ek sneon. Yn Easterein slagge Hartwert der wer yn om de titel te pakken. Wij tinke dat se net mear mei de boerewein troch it doarp riden binne, wij tinke net dat de boargemaster Apoteker syn wykein ferlof ôfbrutsen hat om Hartwert te besykjen, want wij tinke dat de mannen (miskien ek wol froulju of soe dat net meie?) der gewoan ien (mooglik twa )op nommen hawwe. Stoffel fan herte!

17-1-1976

Foar ien fan de wepmasters is 17 jannewaris altiten in  bysûndere dei. In hast lege agenda hat hij dan. Der stiet mar ien wurd yn: Jierdei. De hertlike lokwinsken.

21 jier
Doede Kooistra hat hjoed syn jierdei ek. 21 jier is hij wurden. Fan herte lokwinske!

Harsens derby (659)
Lokkich genôch no is net in fersoarger dy ’t mei syn kont op je holle sitten giet……………
Voetbalgif