Weppers moandei 16-1

Weppers snein 15-1
14 januari 2012
Weppers tiisdei 17-1
16 januari 2012

SDS 1
Jûn om 20.00 oere trainen yn Snits.
Tiisdei om 19.30 oere oefenje yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen. We gean om 18.15 oere fuort út Easterein.
At it net troch giet, geane we trainen yn Easterein (sealskuon ek meinimme)
Tongersdei om 20.15 oere trainen yn Easterein.
Sneon kompetysje! 
Groetnis,
Marco

Trainerskarroussel(3)
Âld-SDS-trainer Lyckle Bleekveld is no trainer by Hardegarijp, mar sil folgend seizoen trainer wêze yn Snits by LSC.

Alde L**le-toernoai
Snein 19 febrewaris sil yn sporthal De Greidhoeke yn Easterein wer it jierlijkse “Âlde-L**le-toernoai” fan Daan Boersma plakfine. It begjint om 13.00 mei en duorret oan ’t in oer as 16.00. It hichtepunt fan de dei is fansels om 18.00 de speech fan Daan.

Jierdei
Rianne Reijenga (Da1) hat hjoed har jierdei en sij wurdt 20 jier. Fan herte lokwinske!

Klean
Wij hawwe der sels net safolle mei mar wij hawwe begrepen dat der oan de ein fan dit jier miskien wolris  in hiele nije titel te heljen is bij SDS: de bêst klaaide man! Wij hawwe al begrepen dat ynkoarten meardere SDS-ers sich adfiseare litte troch de tige bekende stylist Jerome.
It soe dan samar sa wêze kinne dat in Daan (at dy meidocht fansels) gewoan aansens Daniel hjit.

Harsens derby (658)
Mei Elia giet it by Juventus noch net sa super. Wêr ’t hy yn it ferline panna’s útdielde wurdt der no sels al it bosk yn jage: