Weppers woansdei 18-1

Weppers tiisdei 17-1
16 januari 2012
SDS-sealtoernoai 28 jannewaris
18 januari 2012

Sneon clinic E-pupillen
Hoi Voetballers,
Zaterdag a.s. is er in de sporthal de Greidhoeke een voetbalclinic door Wytse Lanting van SDS 1.
Zoals het nu lijkt hebben de E1 en E2 een clinic van 09:00 tot 10:00 uur en E3,E4 en E5 van 10:00 tot 11:00 uur.
Bij matige deelname worden de groepen samengevoegd en is de clinic van 09:00 tot 11:00 uur.
Je kan je via deze link opgeven. Opgeven kan tot donderdagavond 19:30 uur.

SDS 2 en 3 traine
Johan Faber soe graach sjen dat de mannen fan SDS 2 en 3 tongersdei ek efkes draafskuon meinimme nei it trainen mocht it in reinige winterdei wurde.

SDS 2 oefent
SDS 2 sil sneon oefenje. Thús om 14.30 yn Easterein. Kin it dêr net dan sil it plakfine om 16.30 yn Snits.

SDS 1 yn de kompetysje
Kommende sneon stiet ek de wedstriid SDS 1 tsjin it Fean 1 op it programma. Om 14.30 oere yn Easterein. Fansels at de horrorwinter it talit.

45+
De KNVB set noch altiten yn op de 45 plussers. Der is sels in starterskit en ynskriuwe kin wer dien wurde. Sjoch
hjir.

Pupillen fan de wike
It skema foar de pupillen fan de wike fan 2012 sjocht der sa út. Kommende sneon moatte Eljer en Wiltsje yn aksje.

Lokwinsken
De lokwinsken binne hjoed foar Jeroen Brouwer. Hij is 34 wurden. En at wij Jeroen lokwinskje dan ferjitte wij syn twillingbroer Remco fansels net. Ek fan herte yn Dronryp.

Proteine

Nee, wij hâld ús boarnen foar ús. Wol moatte wij kwyt dat dizze mannichte fersterkjende middels fûn binne yn in romte bij in SDS’er. Dus at jim konstateare dat der immen yn it twadde helt fan de kompetysje boppemjittich presteart, dan soene jim tinke kinne oan dit berjocht.

Harsens derby (660)
Dizze kin net mis………..