Weppers tiisdei 15-4

Weppers moandei 14-4
13 april 2014
Weppers woansdei 16-4
15 april 2014

Skoalletoernoai 2014
Moarn is der wer it jierlijkse skoallefuotbaltoernoai op de fjilden fan de Skoalleseize. It begjint om 13.45 en de finales binne fanôf in oer as 16.00. Fansels binne alle heiten en memmen, pakes en beppes, buorlje, omkes en tantes, freonen en wa ek mar wolkom om eltsenien efkes oan te moedigjen. Oan ’t moarn!

De winners fan 2007!

SDS C1 fersetten
SDS C1 spilet tongersdei yn plak van sneon tsjin Oudega. 17:45 oere verzamelje bij de sporthal yn Easterein.
19:00 oere is de wedstriid foar de fans dy ’t langs komme wolle!
Groetnis Pieter en Hendricus


Woudsend 2 – SDS 3
It waaide hurd it wie kâld mar SDS 3 fuotballe justerjûn wol yn Wâldsein en wûn mei 3-2. Yn de earste helte wienen de Wâldseiners folle better en mocht SDS fan gelok sprekke dat it mar mei 1-0 efterstân rêste mocht. De twadde helte wie foar SDS en Remon soarge lyk foar de 1-1. Doe ’t Wâldsein út in bûtenspulsitewaasje de 2- makke like SDS dochs noch sneu ûnderút te gean. It wie dat SDS in penalty krige en in Wâldseiner Wâld-sein hie tsjin de skiedsrjochter en mei giel derôf mocht dat SDS wer alle kâns hie. Pieter makke de penalty en efkes letter koe nei in korner Hendrik Engbrenghof de bal mei syn kont krekt dat drukkerke jaan foar de 3-2.

Wedstrydferslach?
Wy misse noch altiten it wedstrydferslach fan QVC 1 – SDS 1 fan ôfrûne sneon. Of soe it ferslach it Iselmar yn waaid wêze?

“Zuipschuiten”

It AD hat alle moandeis in bysûnder alvetal yn de sportkrante stean.  Dizze kear binne it nammen dy’t wat (te folle) drank te meitsjen  hawwe. Op rjochtsfoar yn de kroade sjogge wij in bekende.

Statistiken
Kommende sneon SDS 1 – tsjin kampioen “gelike spullen” Nijland 1.  Mar leafst 12 kear spilen sij gelyk yn dizze kompetysje.
5 x 0-0
5 x 1-1
1 x 2-2
1 x 3-3
SDS spile 4 kear gelyk:
1 x 0-0
1 x 1-1
2 x 2-2
Beide ploegen hawwe 35 kear skoard. Mar Nijlân hat mar 12 doelpunten tsjinkrigen en SDS 41.
Fraach is dan ek op basis fan dizze gegevens wat wurdt it sneon en wêrom.
De belsjinezen hawwe al witte litten dat sij gjin belangstelling hawwe foar dizze wedstriid.

Nei 17.00?
Der binne lju dy ’t oppere hawwe om dé derby fan kommende sneon te fersetten nei 17.00. It makket de wepmasters neat út. As it mar foar Aaipop út is……

Aaipop
Kommend wykein is it wer Aaipop. In prachtich
programma foar in soad nocht en wille.  De kaartferkeap is al los en de kaarten binne flink goedkeaper as ferline jier. Us earste tip is dizze band.

Harsens derby(1251)
Diego Costa hie better op dy bleate kont rjochtsje kinnen……….