Weppers tiisdei 15-10

Meinte Sixma-toernoai
13 oktober 2013
Weppers woansdei 16-10
15 oktober 2013

Nije trainer SDS 2
Maarten de Jong sil de rest fan it seizoen de trainingen fan SDS 2 fersoargje en sneons by de wedstriden koache. Hy giet staasje rinnen by SDS en fult dit op dizze manier yn. Fansels wit hast eltsenien wol wa ’t Maarten de Jong is. Hy stiet ek wol bekend as mister Heerenveen. Nei syn aktieve fuotbalkarriëre by SC Heerenveen (en 2 jier FC Groningen) hat hy fan alles en noch wat by SC Heerenveen en sa dien. Sjoch
hjir mar ris.

Maarten de Jong 20 jier lyn yn it sjurt fan SC Heerenveen mei Gert-Jan Verbeek.

Meinte-Sixma-toernoai

Op woensdag 23 oktober as. organiseren wij op sportpark De Skoalleseize het Meinte Sixma Toernooi 2013. Het begint om 14:00 uur, dus graag om 13:45 uur aangekleed en wel aanwezig zijn.

Het toernooi is voor alle D, E en F-pupillen. Meedoen is gratis, maar wanneer je je opgeeft wordt er wel op je gerekend.

Omstreeks 17:00 uur is het toernooi afgelopen en volgt de prijsuitreiking, er is voor iedere deelnemer een prijs! 

Via deze link meldt je je aan voor het Meinte Sixma toernooi 2013

Groeten van de jeugdcommissie SDS.

Pelle
Tryater, it Frysktalige selskip (somtiden mei Hollânske boppetiteling) giet sûnt ferline wike de provinsje yn mei it stik “In moaie jûn”. Neffens de resinsjes is it ek echt in moaie jûn. Werom wij dêr oandacht oanjouwe? Omdat der yn it stik in rol is foar in jonge fan jier as 8. Dy rol wurdt troch ferskillende jonges útfierd, sadat se net alle jûnen strontlet op bêd komme omdat se spylje moatte. Ien fan dy jonges spilet bij SDS F1: Jorrit van der Velde út Itens. Hij spilet yn it stik in jonge dy’t Pelle hjit. Moaier kinne je it hast net betinke.
Sjoch
hjir foar mear ynformaasje en wij ha begrepen dat Jorrit kommende tongersdei yn Ysbrechtum meispilet en nije wike tongersdei yn Skearnegoutum. Hast twa thúswedstriden sis mar.

D2
align=baseline
Wij binne op dizze tiisdei gewoan hartstikke bliid, want wij ha wer in moaie alvetal foto binnenkrigen. Fan D2 dizze kear. Wa’t dêr allegear bijsitte kinne jim hjir sjen.
En wat de foto’s oangiet, wij binne hast al op de helte….en it noch lang gjin desimber.

LSC1890 D3 – SDS D2   4 – 1
Us fêste korrespondint fan D2 wie dizze kear wat letter as oars mei it ferslach. Dat kaam tinke wij omdat hij de foto earst ûntwikjkelje moast (sjoch hjir boppe). Mar dêr is it al foar de fêste fans fan D2:
Ofrune sneon moast SDS D2 spylje tsjin LSC ut Snits. Yn ‘e kompetysje hat SDS D2 noch mar 1 punt helle. De tsjinstander fan sneon stie ien plakje boppe us. It wie dus wichtig om trye punten te pakken. Lykas hast eltse wike spylje we tsjin meast twadde  jiers D’s. Us mannen komme gewoan fysiek tekoart, dat waard sneon ek wer dudlik. We giene mei in 2-1 efterstan de rest yn. De twadde helte wiene we gelykwaardich mar it wie LSC die mei 4-1 as winner fan it fjild stapte. Mar de jongens wurde  allinich mar better, dat is ek te sjen op de trainingen. De oerwinningen komme fansels, dat kin net oars. Nye wike is der in beker/ynhel programma. De wike dernei spylje we tsjin YVC/Blauwhus.
Theo.

Pelé
De bern op De Opslach yn Wommels troffen it juster. Y.f.m. de berneboekenwike kaam spiler fan SC Heerenveen Pelé van Anholt in boek foarlêzen en fansels handtekeningen jaan.

Pelé neist Jesmer(F1), Stef(F2, Jalko(F2) en foar Wout(E1) en Jasper(E3).

De Treffer
De Treffer leit no by ús drukker Van der Eems en hooplik kommend wykein by jim op de doarmatte.

Harsens derby(1133)
Aardige koprol…………………