Weppers tiisdei 14-5

Weppers moandei 13-5
12 mei 2013
Weppers woansdei 15-5
14 mei 2013

Skema
De skema;s fan trochdewyksewedstriden fleane op en oan. Dit is de neiste ferzje.

15-5-2013 19:00 SDS D3 – SWZ D6
15-5-2013 19:00 SDS E3 – SJO JV Bolsward E4
16-5-2013 19:00 SDS B1 – Frisia B3

Moai no ju…

“Wat hat dy Gert Jan in moaie coup” sa liet Pep ús sneontemiddei witte. “hawwe jim dêr al in foto fan”? 
“Nee Pep, nim mar efkes ien”,
Wij fine it ek moaier as dat fan….uh…uh..

Doelpunten
SDS 5 makke sneon 10 doelpunten. Dat is net ideaal foar it trochjaan fan de doelpuntenmakkers.
4 fingers hold Harm Auke omheech en 4 kear skreau hij op it briefke wat hij meijoech oan ien fan de wepmasters. Dan komt it sa dus op de webside. Mis dus…. wij krije in berjocht troch dat it mar 3 binne en meilieder Jappie der ek 3 makke hat ynstee fan 2. En dat Hans net skoard hat en Wichard wol.  Lestich en ferfelend. Want wat der no yn de kommende Treffer stiet hoecht dan dus net wier te wêzen. Mei tank oan net folsleine ynformaasje.

Traine
De VR1 fan SDS hiene krekt de teloarstelling fan sneon ferwurke (yn Holwert in autoleaze sneon) of de folgjende teloarstelling kaam der al wer oan: In kâlde brûs nei it trainen.
Reparaasje oan de boiler, mar dat wisten sy fansels al…….(sjoch hjir).

De Treffer
De Treffer leit no by ús drukker Van der Eems en hooplik it Pinksterwykein by jim op de matte.

SDS 5
SDS 5 – Oudehaske 5 is fersetten nei 22 maaie om 19.00 oere.

Harsens derby(1027)
De bal giet sa fier neist, dêr baal je fan. Lokkich genôch hat de keeper goed yn de gaten wêr ’t de bal hinne moat………..