Weppers tiisdei 14-4

Te keap: SDS-lotten t.b.f. it keunstgers
13 april 2015
Weppers woansdei 15-4
15 april 2015

Bied ek op 4 à 5 kuub iepenhurd-hout!

Rûnom it B-fjild binne de beamen kapt en de keunstgerskommisje hat dit iepenhurd-hout krigen om te feilen. It giet om sa’n 4 à 5 kuub iepenhurd-hout.
It earste bod wie:
€75,-
Letter in bod fan: €100,- (Remco Bervoets)
Mar it heechste bod oan ’t no ta: €125,- (Eddy de Boer)
Jim kinne heger biede fia
info@vv-sds.nl
Kom mar op!
It tsjinnet in goed doel!
De feiling slút sneon 18 april om 16.00 oere!

Per 20!
It liket dizze wike wol of wurde de lotten allinnich mar per 20 ferkocht. Earst sneon al de mannen fan Walta en Slop út de Súdhoeke, juster Sjirk en Douwe-Jan Vellinga, Marrit en Niels Hiemstra en hjoed Gerrit en Grytzen Gaastra. Ek krigen wy dizze foto fan Karin Vermeeren. Martijn Hoogerwerf en Jasper en Tiemen Bergmans hawwe namelijk ek 20 lotten ferkocht. Superdepuper! Ús komplimenten!

No al mear as Jitske…..
Yn it seizoen 2010-2011 waard de topskoarderslist fan SDS oan de ein oanfierd troch Jitske Plantinga. Mar leafst 23 doelpunten makke sij en der wie gjin hâlden oan foar de hearen.
It seizoen 2014-2015 liket in werhelling te wurden fan doe. No is it Tjitske Heeres dy’t al 28 kear de bal yn it doel wurke. De topskoarderslist sjocht der dit jier al wat licht roze út. Sjoch
hjir.

SDS gaat weer in Wommels spelen
Vanaf maandag 20 april gaat het B-veld op de schop. Volgens planning kunnen we dan begin september er weer op voetballen. Dat houdt dus in dat we tot die tijd onvoldoende ruimte hebben om onze wedstrijden te kunnen spelen. Voor de wedstrijden van de F- en E-pupillen hebben we een oplossing gevonden.
De wedstrijden van 25 april, 2 mei, 16 mei en 23 mei worden in Wommels
op het grasveld aan de Sybren de Vlasstrjitte gespeeld. Voor de kleedboxen en de kantine zijn we te gast bij de tennisvereniging de Boskranne (Geins 1).
De leiders krijgen zo spoedig mogelijk bericht met meer informatie.
Voor de andere teams kan het betekenen dat jullie mogelijk door de week moeten spelen. Ook hierover krijgen jullie leiders binnenkort bericht.
Robert Schildkamp

Bijpassende auto

Lieten wij juster de oansteande karafan fan Sjoerd van Beem net sjen? Ja toch. Boudewijn Kramer seach ek noch in bijpassende auto stean yn Hoarn.
As Sjoerd dan dochs de earste priis yn de SDS-lotterij wint dan hoefe der allinnich noch mar wat stickers by foar syn auto…..

Harsens derby (1478)
“Tikkie werom, Jaap!”