Weppers tiisdei 14-10

Weppers moandei 13-10
12 oktober 2008
Weppers woansdei 15-10
15 oktober 2008

Ferslach famkes
Wy krigen ek noch in ferslach binnen fan Myriam de Boer fan de SDS-famkes oer de wedstryd fan ôfrûne sneon. Sy is aardich striidber en neffens ús duorret it net lang mear dat him dit útbetellet yn goals en punten:
SDS DAJ- Wergea DA1
Sneon 11 oktober moasten we tsjin Wergea. We hienen der allegear sin oan en wienen klear om der tsjin oan te gean. It soe en moast gebeure, de earste goal soe hjoed komme! Mar dat foel tsjin, nei in pear minuten foel de earste goal foar Wergea. Dit hoegde net, dus we stoomden ús wer op. It woe net lukke, nei de earste helte stie it trije- nul efter. De twadde helte begongen we mei in oare opstelling. De bal kaam mear oan de goeie kant en der wienen kânsen om te skoaren. Spitich genôch waarden de kânsen net goed benutten.
Al mei al, it woe gewoan net. Uteinlik ha we ferlern mei 0-10. De teloarstelling wie grut. Nei de wedstriid hat André noch efkes oan it wurd west en hat ús allegear wer wat oppept. We baalden as in stekker, mar let mar op, noch efkes en dan binne de rollen omdraait en winne wy!
Myriam de Boer

Een sliding en je rokje zit in  je oksel
Under dizze oansprekkende titel stiet op de KNVB side in artikel oer de ûndersochte mooglikheden om de froulju yn rokjes fuotballe te litte. Want bij it hockey kin dat dochs ek?
Sjoch
hjir.

Mear fuotbaljende froulju
It frouljus fuotbal stiet dochs al hiel aardich yn de belangstelling. In soad nije leden fan de KNVB binne famkes of froulju. Omrop Fryslân skriuwt
dit der oer.

Tarina Veenje

No’t wij it dochs oer de froulju hawwe. De famkes hawwe in nije keepster. En dat is in bekinde. Tarina Veenje hat jierren lang lid west fan SDS en sij is it balkearen seker noch net ferleard seagen wij sneon.

Doelpunten
De froulju hawwe in punt dat is fansels prachtich. Se hawwe ek al fjouwer doelpunten makke. Joutsen Okkema is op dit momint kluptopskoarster, sy makke der 3. Myriam de Boer makke der ek ien.

Traine
As de trainers fan de SDS-famkes en froulju se dit bybringe kinne dan komt de earste oerwinning fansels(klik hjir).

Ynterlân foar froulju
It ûndersteande berjocht stie ferline op de side. Wij hawwe begrepen dat er al in stik as 8 froulju mooglik belangstelling hawwe. Opjaan kin noch.
Hoi Voetbalgenieters, 
Donderdag 30 oktober speelt het dames oranje team tegen de senoritas van spanje. De aftrap is om 20:00 in Volendam. Wie heeft er zin om mee te gaan naar deze wedstrijd?
Kosten: basiskaart 3,00 per persoon. Aan de kassa hoofdtribune 7,50 of gewone tribune 5,00
Als er genoeg zijn gaan we met een bus, en die kosten betalen we met zijn allen.
Het belooft een spannende wedstrijd te worden, want als Oranje verliest is het over en uit en gaan ze niet naar het EK.
Opgeven kan bij Andre Vink
0515-333134
06-25497928
0515-331700 (zaterdag)

Fersoargers
Yn China binne de fersoargers der gau ôf as sy froulju fersoargje moatte………….