Weppers woansdei 15-10

Weppers tiisdei 14-10
13 oktober 2008
Weppers 16-10
15 oktober 2008

Floris

It giet goed mei Floris. Moandei is hy nei Amsterdam west(Gert-Jan wie mei) foar ûndersyk. Hjir hawwe sy gjin nije befiningen dien. Tongersdei wurdt hy ûntslein yn it Antonius-sikenhûs en giet hy nei it sikenhûs yn Swolle. Hjir krijt hy freed in ynterne defibrilator. Floris bliuwt noch efkes yn Swolle om op te knappen en as alles meisit dan komt hy snein al thús.
Tongersdei stiet Floris ek yn de Snitser Krante.
Eltsenien hjirby de freonlike groetnis fan Floris.

Futsal
Jûn wurdt der eindelijk wer ris sealfuotbale yn Easterein. SDS 2 spilet om 20.00 thús tsjin Blauw-Wit ’34 14. Kom gerust efkes sjen.

Meinte Sixma-toernoai
Sneon 18 oktober is wer it jierlikse Meinte Sixma-toernoai. Dit is spesjaal foar de D-, E- en F-pupillen. It begjint om 8.30. Kom op ‘e tiid om je op te jaan, dan kin de teams yndield wurde.
Jan Bouke Bouma
 

Oefenwedstryd LSC 1 – SDS 1 3-2
Eerst 20 minuten speelden we knap. Na de 1-0 zakten we ver weg. Ruststand 3-0
Na rust speelden we beter. Snelle goal Skelte (mooi over de keeper) Henk schoot van afstand hard raak.
Marten stopte geen penalty’s
Groeten,
Tsjalling

Maatschappelijke Stage
Der is alwer ien dy ’t in maatschappelijke stage by SDS dwaan giet. It giet om Jesse van der Weide fan C1. Wolle hjir mear witte oer in Maatschappelijke Stage by SDS sjoch dan
hjir.

Ferslach SDS 2 – Urk 2
Îfrûne sneon spile SDS 2 tsjin Urk 3. Wy binne hiel benijd wat de Urkers fan de wedstryd fûnen. Klik
hjir om it te lêzen. Moai is dat se ek oan de Fryske lêzers tocht hawwe. dat stikje komt ús allinnich al bekend foar……..

Ferslach SDS B1
Hjir noch it ferslach fan Ayanle oer de derby fan SDS B1 ôfrûne sneon tsjin Easterlittens:
Wy moasten tsjin Easterlittens B1.
De earste helte fuotbalje wij hastikke goed.
wij komme mei  0-1 foar,  een prima goal van stefan.
De 0-2 komt fan  Ayanle.
mar net folle letter komt de 1-2 ik alwer op it boerd te stean.
De twadde helte kriegen wij ik nog wat kansen mar die benutte wij net.
We kriegen nog een penalty en die sjitte Kris yn sadwaande waard it 1-3
dat wie it wol san bytsje. Oant en oare kear.
groetnis Ayanle

Fototentoonstelling
Kommende freed is der in iepen dei fan de nije brede skoalle yn Wommels, it Trochpaad. Ek is der in fototentoonstelling fan ús húsfotograaf Henk Bootsma(sjoch
hjir). Soenen der ek foto’s fan SDS’ers hingje?

Zeeman
Scheidsrechter Zeeman út Snits lit net oer him hinne rinne……………of wol?(klik
hjir).

Rûnom Easterein


Mis
Sommige spitsen hawwe oan in heale kans genôch. Dizze Skot,Chris Iwelumo, dy ’t ôfrûne sneon syn debút yn it Skotse alvetal in gouden rântsje jaan koe, dúdlik net: