Weppers moandei 13-10

Weppers snein 12-10
12 oktober 2008
Weppers tiisdei 14-10
13 oktober 2008

Floris

Ik haw fannemiddei op besite west bij Floris, der wurdt goed op him past dêr yn Snits. Oan alle minsken dy’t meilibje de groeten ….
Henk.

Oefenje
It earste spilet tiisdeitejûn in oefenwedstryd tsjin LSC út Snits op kuenstgers.
De folgende spilers gean mei: Marten, Tsjeard, Henk,Mark, Jacob Klaas, Erik, Anne, Tsjipke, Arnoud, Durk Yde, Tsjalling, Skelte, Syb en Robert.
Sy fertrekke om 19.00, de wedstryd begjint om 20.00.
De folgende fjouwer spilers trene mei it twadde om 20.00 u onder lieding fan Klaas. Feiko, Harm, Syb, Durk en Redmer. Dizze jongens krije noch bericht fan René.
Der is dus gjin keeperstraining foar Jaap en Marten.
Anne Brouwer (tink derom dast net allinich dyn pinnen meinimst) wurdt, ynklusyf flagge, ek ferwachte yn Snits.
Groetnis
D
ick

Faber
hspace=0 
Hoe faak hat Marten dit jier al in strafskop stoppe? Ek sneon tsjin Urk stie en lei hij wer te plak.

Gehakbollen

Ek dit jier wurde de gehakbollen yn de kantines wêr’t SDS 5 komt wer testen. Der is in spesjaal gehakbollentestteam: fêste priuwers binne dêr yn Marco Hoekstra (foarsitter fan de jury) Jacob Plantinga, Eddy de Boer en Harm Auke Dijkstra. Dêrneist binne der in pear wikseljende priuwers.
It rapport fan de gehakbol fan Broekster Boys sjocht der sa út.
Smaak 7
grutte 8
foarm 6
foedingswearde 8
betsjinning 7.5
Algemiene opmerking: Per bal ien beskút te folle.
Einsifer komt út op 7.3
De foarsitter fan de jury hat ek foar de wedstryd in gehakbol priuwn en spile in reedlike wedstryd.

Wiepkje
Geartsje Spoelman hie al earder bewezen dat se hiel goed ballen kearen koe. Sij krige it fertrouwen om sneon op it doel te stean bij de froulju. It wie allegear nij foar har, mar se krige stipe fan Wiepkje Hiemstra, dy’t noch blesseard is.
De hiele 90 minuten hat Wiepkje neist it doel fan Geartsje stien en sa no en dan wat oanwizingen jûn. Klasse.

Yndruk
De fuotbalwedstriden fan Bolswardia giene sneon net troch. De wedstriden fan RES wol. E4 moast nei Boalsert ta en der waard rom de tiid nommen om stil te stean bij it ferstjerren fan de 20 jierrige Frank. It hat op de jeugd in soad yndruk makke.

7 tsjin 7
Bij RES yn Boalsert wolle se besykje it 7 tsjin 7 fuotbal foar senioren fan de grûn te krijen. Se hoopje op 50 dielnimmers. Sjoch
dit berjocht

Rûnom Easterein
Op 9 novimber is de fytstocht Rûnom Easterein. At jim it parkoers noch efkes besjen wolle dan kin dat hjir. Neffens afstandmeten.nl is ien rûntsje 13.65 kilometer.
Opjaan kin bij  dysjaarda@gmail.com 06-54385633

Grappich
Doe ’t wy juster it filmke fan dy nuvere goal tsjin kamen, seagen wy ek dit filmke fan Thierry Henry. Wy koenen der wol om laitsje: