Weppers tiisdei 13-10

Weppers moandei 12-10
11 oktober 2009
Weppers woansdei 14-10
13 oktober 2009

Wêr binne se?

Sneons at it earste fuotballet, dan mist der ien: Tsjeard Halbersma. De fleurige Ljouwerter, dy’t opgroeide yn Kûbaard is noch sa’n 320 dagen fuort. Syn avontoeren mei syn Jannie kinne jim
hjir folge.

Plaatsje en prestaasjes
At wij sa nei de útslaggen fan sneon sjogge en dan falt mei namme bij de jeugd op dat de oerwinningen op twa fingers te tellen binne. Moatte wij in relaasje lizze mei de fuotbalplaatsjegekte?

SDS 2 boppe-oan!
Fan inkelde teams krije wy net faak in ferslach sa as b.f. SDS 2. Mark Postma woe hjir feroaring yn bringe en wy hawwe syn útgebreide ferslach al efkes lêzen. It is de muoite wurdich. Klik
hjir foar syn ferslach.
Wy kinne ek melde dat SDS 2 no tegeare mei Harkemase Boys 2 boppe-oan stiet yn de Reserve 1e klasse A om ’t foarige koprinner Flevo Boys 3 ôfrûne sneon ferlern hat fan Urk 3.

Sealfuotbal
SDS 2 mei jûn nei Ljouwert om om 21.00 te fuotbaljen tsjin Futsal Cambuur 6.

Doelpuntenmakkers
Jappie Wijnia bliuwt topskoorder ek al fuotballet hij hast nea. Sjoch
hjir foar de hiele list.

“De moaiste hast-goals” (9)
Ien fan de beste fuotballers ea fan Ingelân, Kevin Keegan, syn moaiste goal waard ôfkeurd. Ek de beste fuotballer fan Frankryk ea, Michel Platini, syn moaiste goal waard ôfkeurd: