Weppers moandei 12-10

Weppers snein 11-10
10 oktober 2009
Weppers tiisdei 13-10
11 oktober 2009

SDS 60 jier

Sneon seagen wij samar ynienen de grutte baas fan de skiedsrjochters fan de KNVB noard, Minne Modderman, bij SDS-Nijlân stean mei in grut pakket. Yn ferbân mei it 60-jierrich jubileum hie SDS rjocht op in lito. Dat wie der noch bij bleaun, want it jubileum wie yn ….2007. Foarsitter Douwe is der net minder grutsk op.

It ferslach

Siem Sikma folge de wedstryd sneon wer mei folle oandacht. Hij hie dizze kear in pear deskundigen ynhierd om in goeie analyse te meitsjen. Lolke mei de mûtse op de holle en Hendrik mei de hannen yn de bûse. Sikma hie fansels de sigaar yn de mûle.

Op 10

De twa nummers 10 fjochtsje koppend om de bal. Mear foto’s fan Henk Bootsma binne
hjir te sjen.

Rûnom Easterein 2009
Juster waard de priisútrikking fan de winners fan de takomstige fytsklassiker Rûnom Easterein in SDS-oangelegenheid. Bertus Beckers (lieder SDS F4) waard earste, Dooitze Nauta (striker SDS 1) twadde en Peter Sybesma (SDS 3 en SDS 1 seal) tredde. By de froulju wûn Minke Twijnstra (dochter fan ponghâlder fan SDS) de earste priis.

Sjoch hjir foar mear foto’s fan Henk Bootsma.
Einútslach fan de manlju
1 Bertus Beckers 1.15.40
2. Dooitze Nauta 1.15.43
3 Peter Sybesma 1.15.44
Einútslach fan de froulju

1 Minke Twynstra 51.25
2 Jildau van der Wey 54.48
3 Immy Auck Kersbergen 1.04.44
 
Sjoch hjir foar it fideoferslach op de nije webside fan Jaring Rispens: www.Stjoerder.nl.


“De moaiste hast-goals” (8)
De bûnskoach fan Argentinië, Diego Maradona, gie hielendal út syn dak doe ’t Argentinië ôfrûne sneon yn blessuretiid noch de winnende goal makke tsjin Peru. Dochs gie it noch hast mis. Keeper Romero(AZ) koe krekt foarkomme dat Peru lyk fanôf de ôftraap de 2-2 skoorde: