Weppers tiisdei 12-4-2022

SDS-klean yn de útferkeap sneon fan 9.00-11.30 oere.
11 april 2022
SDS-League: ‘Roggeberg Boys’ pakt de wykpriis!
13 april 2022

SDS JO15-2 grutske koprinner

De mannen fan de JO15-2 dogge it mar knap. Sy steane boppe-oan mei in doelsaldo wêr ’t de trainer fan SDS 1 wiis mei wêze soe. Sy hawwe namelijk mar 4 goals tsjin.

SDS JO15-1 pakt 3 punten

De JO15-1 spile justerjûn yn Nijân in ynhelwedstriid tsjin Noordbergum JO15-1 en wûnen mei 3-1. Dit wie de earste oerwinning fan de mannen dit seizoen, dus it kin wêze dat sy faker yn Nijlân balje. 😉

SDS 1 seal hellet út!

De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster mei 9-1 wûn by NTW 2. Sy sille no wol faker op moandeitejûn sealbalje wolle. 😉

Programma sneon

09:00 SDS JO11-1 – fc Harlingen JO11-1
09:00 SDS JO8-2 – vv Sneek Wit Zwart JO8-3
09:45 ST SDS/Nijland JO17-1 – QVC JO17-1
12:00 ST SDS Nijland JO19-1 – SC Berlikum JO19-1
09:00 ONT JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1
14:30 Willemsoord 1 – SDS 1

Bekomme

Kommende sneon hoeft by de senioaren allinnich SDS 1 mar te baljen. In moai momint foar de manlju fan SDS 2,3,4 en 5 om in wykein te bekommen en harren te rjochtsjen op nije wike sneon 23 april. Ofrûne sneon stienen der by SDS 3 bygelyks noch mar 6 spilers fan de seleksje fan SDS 3 yn it fjild troch blessures en sykte en sa.

SDS-League

Moarn om in oer as 19.03 oere kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Sjurt

It ferneamde sjurt fan Maradonna wurdt ferkocht. Alteast dat tinkt it feilinghûs.
Mar de famylje  fan Maradonna lit witte dat dit net it echte sjurt is.
Dat klopt, dat witte wij hjir allegear.
Yn it echte Maradonnasjurt wurdt al jierren keatst………

Klik op it plaatsje