SDS-League: ‘Roggeberg Boys’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 12-4-2022
12 april 2022
Weppers tongersdei 14-4-2022
14 april 2022

Its is ‘Roggeberg Boys’ fan Auke Eringa dy ’t de wykpriis pakt. Hy pakt mar leafst 60 punte en dat binne der 6 mear as ‘De Regenjas’ fan Kris Gaastra en Thor Ruiter. Kris en Thor pakten ferline wike al de wykpriis en sitte der no dus wer tichtby.

‘Op nei de Top’ fan Marten Faber pakte 43 punten en bliuwt dêrmei fier boppe-oan stean. De ienige dy ’t dit noch wat byhâlde kin is Seriette Strikwerda mei ‘Tadic on Fire’. Sy stiet knap twadde, komt ien puntsje tichterby mei noch 22 punten efterstân op Marten. ‘Kansloos’ fan Bas van der Weij stiet hjir wer 3 puntsjes ûnder.

Hendrik Eringa giet mei ‘Paranoid’ no hielendal fol foar de SDS-paraplu. Hy pakt mar 17 punten en hat de reade lantearn stevich yn hannen.

Dat is gjin paraplu

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 9