Weppers tiisdei 11-10

Weppers moandei 9-10
10 oktober 2016
Betink in ûnderskrift!
12 oktober 2016

Ûndersyk nei keunstgerskorrels

De KNVB en it RIVM hoopje foar it ein fan it jier te kommen mei de útslaggen fan in ûndersyk nei de skealikens fan ‘keunstgerskorrels’. Jim kinne it hjir lêze.

Woansdei 19 oktober; Meinte Sixma-toernoai!

Op woansdei 19 oktober is der wer it jierlijkse Meinte Sixma-toernoai foar de jeugd fan SDS. Jou je no op! Je kinne der hjir alles oer lêze en je opjaan!

Út of thús?

SDS JO9-2 spilet sneon neffens Sportlink thús tsjin sc Bolsward JO9-5 op sportpark Het Bolwerk…..
Op de webside fan SC Bolsward stiet it sa by de ’thúswedstriden’:

15 okt 9.00 SDS JO9-2 SC Bolsward JO9-5

It komt der dus op del dat SDS JO9-2 sneon yn Boalsert harren thúswedstryd spilet tsjin SC Bolsward JO-9-5.
Dan moatte alle heiten, memmen, buorlju, pakes en beppes en wa ek mar ek mar efkes mei nei Boalsert tochten wy sa.

Topskoarder 3A

Jelmer Posthumus skoarde yn de kompetysje al 6 kear foar SDS 1. Yn de tredde klasse A, sjocht it der sa út mei de topskoarders.  Heit Appie, dy’t sûnt ferline wike foar heal jild nei musea kin mei syn 65 +pas, skermt mei belangstelling fan Manchester.  Wij hawwe heit Appie wolris faker heard……

Bunnikside

bunnikside2016

Mar leafst trije kreaze banken op de Bunnikside.  It wie dan ek noflik en fol ôfrûne sneon. It is net sa dat Willem Twijnstra stiet te wachtsjen dat er ien stean giet en dêr dan gau sitte wol. De bank is in wike as trije lyn ferve, neffens de man yn it read op de foto, en neffens Willem dy’t dêr as earste siet sneon, rûn hij no mei in griene broek……. De oaren hiene nearne lêst fan.

Hielendal net sa gek

Dy Guardiola hat sokke gekke ideeën noch net. Soenen sy by Manchester City dan noch wol mei de ûnderbroek oan brûze meie? Sjoch hjir.

Harsens derby (1771)

Dit filmke hawwe wy hjir 7 jier lyn ek alris yn dizze rubryk hân, mar hy kaam no sa mar wer boppe wetter. Mbokani en Dufour fan Anderlecht gienen nei in attraksjepark.
Mochten je yn de hjerstfakansje ek nei in attraksjepark gean mei de bern, wêz dan al foarsichtich……..