Weppers tiisdei 10-7

Weppers moandei 9-7
8 juli 2012
Weppers woansdei 11-7
10 juli 2012

SDS 65 jier
De earste lju hawwe harren al oanmelden om op freed 10 augustus mei te dwaan oan it fuotbaltoernoai en oan de barbecue. Sawol it fuotbaltoernoai as de barbecue is net allinnich foar leden, mar ek foar âld-leden, supporters, froulju en manlju fan spilers ensfh. Wy wolle der in échte SDS-dei fan meitsje, dus alle minsken dy ’t SDS in waarm hert tadrage binne wolkom.
Jou je hjir gau op!

SDS 1 yn beker
De tsjinstanners fan SDS yn de beker wiene al bekend, it skema no ek.
SDS spilet earst thús tsjin Zeerobben, dan út tsjin Aldehaske en dan wer thús tsjin Arum.

SV Leones?
Wy wienen wol benijd wêr ’t Jildert Hylkema folgend seizoen no eins fuotbaljen giet. Juster krigen wy fan himsels it antwurd: SV Leones. Hy wit noch net as hy yn it 1e of 2e komt fan dizze sneins 2e-Klasser út Beneden-Leeuwen yn Gelderlân. Sy komme út yn distrikt KNVB-Oost. Âld-Ajacied Edo Ophof wie tot foar koart foarsitter by dizze klup.
De oergong fan Jildert nei SV Leones is allinnich noch net hielendal rûn. Syn fersyk ta oerskriuwing is foarearst ôfwezen troch de KNVB. Der bestiet dus in kâns dat Jildert ek folgend seizoen “gewoan” wer by SDS fuotballet. 

Dei fan de Boer

Wij kinne der neat oan dwaan, mar it is hjoed bij SDS de dei fan de Boer. Twa jierdeis en se hjitte Sjoerd en Erwin.
De jongste wurdt 11 en de âldste 25. Beide fan herte.

Bank
Rodney Sneijder komt te koart foar Ajax en ek Utrecht wol net mei him trochgean. Hij waard sinjaleart yn Waalwijk. Mar it gerucht dat hij nei RKC gie, ûntkende hij fansels. Hij wie neffens syn eigen sizzen op syk nei meubels. Sokses freget om
in reaksje op twitter.

Baashimd
Binne jim noch op syk nei in leuk teasjurt foar immen dan wolle wij jim graach wize op de webside Baashimd.
Sjurts mei alderaardichste
Fryske teksten en grappige illustraasjes. Wij hawwe ús kar al makke foar de jierdei.

Harsens derby(807)
In assist is by tiden moaier as in goal:



Letter miskien wol mear!