Weppers tiisdei 10-3

Weppers moandei 9-3
8 maart 2009
Weppers woansdei 11-3
10 maart 2009

SDS 2
de training van sds 2 begint vanavond om 20.15.
Klaas

Giet net troch
De famkes (DAJ) trainen niet vanavond. 
gr Andre

De skouders derûnder
As je mei syn allen ergens de skouders derûnder sette dan slagget it meastentiids ek noch. Sjoch mar nei SDS 3(klik
hjir foar it ferslch fan Sjoerd).

In oare bril
Sneon wie de wedstriid SDS 1 – WPB 1. Us ferslachjouwer Siem Sikma hat der wer in moai en neutraal ferslach fan makke sa as altyd. It is dúdlik dat immen yn Snits it fan in hiele oare kant besjocht. Sjoch
hjir.

Futsal
RES 1 komt woansdeitejûn sealfuotbalje tsjin in tal SDS’ers. Dizze koprinner yn de 1e-Klasse út Boalsert wol graach oefenje om ’t sy inkelde wiken frij binne en sy der alles oan dwaan wolle om yn de Haadklasse te kommen. De wedstryd begjint om 20.30. Wy sille sjen of de SDS’ers it noch net ferleard binne. By SDS dogge yn elts gefal mei: Jaap, Feite, Harm, Tseard H., Tseard B., Erik en Willem.

Op DVD
Wij sjogge ús SDS’ers sneons graach op it fjild de stjerren fan de himmel spyljen. Fansels is it ek prachtich at se harren útlibjen yn de muzyk. It resultaat fan dy keunsten kinne jim sjen op in DVD. Sjoch foar mear ynformaasje
hjir

Andrew
Spesjale oandacht freegje wij foar de topskoarderslist, want dêr is foar it earst yn opnommen Andrew Feijten. Ek is der in nije koprinner. Sjoch de
mannenlist en hjir foar de frouenlist.

Ferslach fan LSC D5 – SDS D2
Vanmorgen moest D2 naar Sneek om tegen LSC te spelen. Het werd een leuke wedstrijd van 2 ploegen die erg aan elkaar gewaagt waren.
Na een goede start van LSC en een paar knappe aanvallen kwamen ze na een minuut of 10 verdient op voorsprong.
Even later kwamen ze zelfs op 2-0 maar vlak voor rust maakte Almar de aansluitingstreffer na een mooie aktie van Bote en een knappe pass van Ramon.
Na rust een gelijk opgaande strijd en LSC kwam op 3-1, maar na weer een goal van Almar en een schitterende vrije trap ook van Almar kwamen we op 3-3.
Even leek het er op dat de 3-4 er aan kwam maar na een paar goede reddingen van hun keeper en een messcherpe counter kwamen zij op 4-3.
De 5-3 was een rommelgoaltje omdat we de bal niet uit het strafschopgebied kregen en helaas was de tijd te kort om nog een keer terug te komen.
Helaas dus verloren maar toch goed gevoetbalt.
Volgende week beter, maar als jullie zo doorgaan komt dat wel goed.
Boudewijn.


Poiesz-jeugdsponseraksje

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje


SDS League
Moarntejûn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS League fine. Wy binne benijd wat foar ynfloed de stikkene hân fan Sergio Romero(AZ) op de stân hat. Mar leafst 23 teams hawwe dizze Argentijn ûnder de latte stean wêrûnder de nûmer 2, “Vakkie 13” fan Erik en Jacob-Klaas.

Doelpunt fan it jier
Yn de 3e Bundesliga yn Dútslân waard dit wykein mar fêst it doelpunt fan it jier makke. Dit mei in bult help fan de keeper fan Fortuna Dússeldorf: