Weppers moandei 9-3

Weppers snein 8-3
7 maart 2009
Weppers tiisdei 10-3
9 maart 2009

LSC E5 – SDS E4
SDS E4 wie sneon yn Snits te fuotbaljen. Sij wûnen nei in drege partij. Wa’t der net wie, kin de hiele wedstriid meibelibje yn dizze prachtige
fotoreportaazje dy’t makke is troch Frank de Ruiter fan Snits en dy’t in omke is fan Yward Zijlstra.

SDS 5 – Beetgum 2

Bij SDS 5 wurdt it hieltyd profesjonieler. In eigen flagger en no ek al in eigen fotograaf. Stoffel knipte yn Bitgum de bank fan Bitsgum en troch de meast rjochter man wist Stoffel hoe’t it siet: “Wij binne aanst de sigaar”.


Noch in plaatsje út de kamera fan Stoffel, makke yn Bitgum

Ferslagen
Wy krigen dit wykein wer in hiel soad wedstrydferslagen binnen. Jim kinne se
hjir allegear lêze. Ek it ferslach fan SDS 1 – WPB 1 en it útgebreide ferslach fan de 3-3 fan de A1 steane der no by.

In bus
Sneon moat SDS 1 nei LTC yn Assen. Der riidt in bus. Wa’t mei wol kin kontakt opnimme mei
Enne Bruinsma.
Der binne ynmiddels al 5 oanmeldingen.

Skoalmasters?
Sneon heard by SDS 3:
“(master) Jan, moatte wy op fjild 7?”
“Nee, de fjilden hawwe hjir sifers. Wy moatte op fjild E..”.

Earste offisjele goal
Andrew Feijten sprong nei syn goal foar SDS 3 ôfrûne sneon in gat yn de lucht. Hy wie hielendal út de skroefen. Yn de boks lei hy noch efkes út wêrom: “Eindelijk mijn eerste offiële goal. Ik heb wel eens een doelpunt gemaakt in de beker en in een oefenwedstrijd, maar nog nooit in een competitiewedstrijd. Nu sta ik eindelijk eens in het “topskoordersklassemint”.
Aant sil it topskoordersklassemint hjoed of moarn opmeitsje en wy ferwachtsje dat op Meilahúzen de flagge dan útgiet.

“Ouwe-lullen-toernoai”
Juster waard alwer foar de “67e” kear yn de sporthal it “Ouwe-lullen-toernoai” fuotballe. De Buma-Boys út Snits gienen der mei de earste priis fan troch. Hichtepunten fan it toernoai wienen de drûge woarst fan Lolke Bouma, de speech fan Alfred Knorr, de (ôfkeurde) goal fanôf de efterline, yn de zoemer, fan Feite de Haan, de bierkes fan Titus, it optreden fan Koos Alberts en fansels de taspraak fan Daan. De tariedingen foar folgend jier binne alwer yn folle gong.

Alderaardichst
Juster wie der wer in alderaardichst spandoek te sjen by ADO – Ajax:

Korner (1)
De lytste man fan it fjild by SDS 1 kopte sneon knap raak út in korner. As ferdediging lette je fansels net hielendal goed op as je sa ’n lyts fentsje de bal ynkoppe litte. By in korner moatte je dus goed oplette: