Weppers tiisdei 10-11

Weppers moandei 9-11
9 november 2009
SDS League: Kees pakt op ‘e nij wykpriis!
10 november 2009

Gjin training
De training van DA2 gaat niet door vanavond, wij zien elkaar zaterdag om 11:00
hoihoi, Andre

Gjin striker
Wy moasten fan Dooitze Nauta efkes trochjaan dat hy der tongersdeitejûn net is te striken. Hy nimt syn lêste snipperjûn fan it jier op. Sneon is Dooitze der wol wer.

4-1
Wij hiene yn de útslaggen stean dat Da2 ferlern hiene mei 5-1. Dêr hawwe wij harren ûnrjocht mei oandien. It wie 4-1. It doelpunt wie fan Marije Hiemstra.

2 fan dit en 1 fan dat
hspace=0
Steane je sneontemiddei efter de bar. Lekker maklik. 6 bier, 8 bier, 10 bier en ien kola, 4 jonkjes en in bearenburg dat binne meast de bestellingen sa nei in wedstryd. Utsein wannear der froulju binne. Dan skriuwt Joutsen it op in briefke en oerlanget it oan dyjene dy’t efter de bar stiet (klik op de foto)

……en dan is it sykjen, wat stiet hjir en wêr stiet de Icetea en wat is Jillz?

117
Op eigen krêft hawwe de senioaren en de froulju no 117 doelpunten makke.  Sjoch
hjir.

3.31.58

    
Dat wie de tiid fan Tsjeard Hofstra (lieder Da1) op de maraton op Skylge. Hij hie dêrmei de 116-de tiid fan in fjild fan hast 800 dravers. (foto Jaring Rispens)

Krysttoernoai Frjentsjer
In ploegje SDS’ers sille dit seizoen wer meidwaan oan it jierlijkse krystsealfuotbaltoernoai fan Frjentsjer. It is noch net hielendal wis wa ’t der allegear meidogge, mar yn elts gefal sille Jaap, Tsjipke, Willem en de Haitsma’s meidwaan.

SDS League
Wy hoopje moarn de nijste stân fan de SDS League klear te hawwen.

Auw!
Mear hawwe wy der net oer te sizzen:


Letter miskien wol mear!