Weppers tiisdei 1 april

TRS al aardich kompleet
1 april 2008
De èchte TRS-list!
2 april 2008

Dropkes foar SDS
De jeugd fan SDS giet dizze dagen by de doaren lâns om dropkes te ferkeapjen. De pûdsjes koste €2,50 wêrfan €1,- ten goede komt oan SDS. Dit is wat je keapje kinne:


Futsal
De futsallers fan SDS 1 spylje jûn tsjin de koprinner fan de Haadklasse. Sy spylje om 20.00 yn en tsjin Workum 1.

Nije sponsers
Ferskeidene websides witte hjoed te melden dat “De Zwarte Cross” foar in jier de nije sponser wurden is fan De Graafschap. Wy kinne dêrby melde dat ek yn it amateurfuotbal inkelde klups in nije sponser krigen hawwe. Nijland hat it kommende seizoen “Aaipop” op it boarst en BCV “Wâldrock”.

SDS League
De nije stân kinne jim hjir moarntejûn besjen.

Blesseard
Tsjalling Sikma is alwer in skoftke blesseard. Hy blykt in peesontsteking yn de knibbel te hawwen. Folgende wike sil hy wer wat probearje te drafen.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Sjoch
hjir foar de list op 1 april en sjoch of it kloppet.
Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!


Ronaldinho nei SDS?

No’t SDS net sa rom mear yn de spitsen sit ut betrouwbare bron te fernimmen (Siem Sikma en Snitser neisbled) sille der 2 scouts utfleane nei it butenlan om es run te sjen at der nog in helbare spits ien Barcalona run rint. (Eto’o of Ronaldinho)
Der gjinne al gerjuchten dat Ronaldinho it net mear sa nei sien sin hat ien it Camp nou. Soe dit wat foar SDS wêze foar yn de neikompetitie?
We krije in grutte poede mei jild mei van de foarsitter (DDR) om te underhandeljen.
It de bedoeling om him kommende snein es te besjen bij de wedstriid Barcalona-Getafe, at der wol echt bij SDS past. We hope dat der mei docht en oars sille we him de sneins en/of moandeis es besichtigje op it trainings fjild.
We sille sjen wat we foar SDS betekenje kinne yn it waarme Spanje. 
Groeten de 2 scouts ut Easterein.

Hakkie(2)
Dat hakkie fan Cristiano Ronaldo wie dit wykein best wol aardich, mar falt yn it neat by dit hakkie. It wie Rabah Madjer út Algerije dy ’t foar FC Porto sa skoorde yn de Europacup 1-finale(no Champions League) tsjin Bayern München.