Weppers sneon 9-8

Weppers freed 8-8
7 augustus 2008
Weppers snein 10-8
9 augustus 2008

Kalkje
De kalkers troffen it dizze wike net. Tongersdei mienden se dat se de linen der moai dellein hiene, mar tongersdei wat letter wie der neat mear fan te sjen. De bui soarge der foar dat alles wer grien like. Sneontemoarn mar wer op nij besykje. Sytze Kooistra, Harm Bergsma, Willem Twijnstra en Klaas Overal hiene it der mar drok mei.

Trainingsdei(1)
SDS 2 begie fannemoarn om 10.00 oan harren trainingsdei mei in bakje kofje. Dêrnei omklaaie en in rêstich loopke.

Trainingsdei(2)
Ek SDS 1 begie fannemoarn om 10.00 oan harren trainingsdei mei in bakje kofje. Dêrnei omklaaie en ek foar harren in rêstich loopke en dêrnei al gau de ballen derby.



 

Utslaggen
At jim de útslaggen en doelpuntenmakkers witte fan de twa wedstriden dan heare wij it graach.
Mail ús

De appel en de beam(2)
Juster seagen wy de soan fan Zinedine Zidane yn aksje. Hjoed is it de beurt oan Romeo Beckham, de soan fan. De gelikensens mei syn heit binne treffend(sjoch hjir). Ek yn dit gefal falt de appel dus net fier fan de beam.

Letter mear!