Weppers sneon 6-7-2019

Weromsjen nei 1984
30 juni 2019
SDS 1: tarieding seizoen 2019-2020
6 juli 2019

Nije kompetysje-yndielingen

De kompetysje is no al in pear wiken klear en dan begjint it dochs wol wer te kribeljen. Wy binne dan ek tige benijd nei de nije kompetysje-yndielingen. De KNVB zil dizze moandei 15 july bekend meitsje. De bekeryndielingen foar de A-kategory (SDS 1) wurde bekend makke op 28 july en de rest op 8 augustus.

Nije frijwilligers

Ut ús fragenlist foar alle SDS’ers binne al wat nije frijwilligers kaam. Sa binne der no al 14 lju dy ’t wolris op tongersdeitejûn bardraaie wolle op in trainingsjûn. Dat is alderaardichst fansels. Ek hawwe guo oanjûn om b.f. sneons bartsjinst te draaien. Foar wa ’t de fragenlist noch net ynfuld hat kin dat hjir dwaan.

Nije teamyndielingen

De kommende wike sille wy sjen as wy alle nije teamyndielingen trochfiere kinne op de webside.

Oefenprogramma SDS Vr.1

De nije trainster fan SDS Vr.1, Akke-Rixt Kamstra hat it oefen- en trainingsprogramma foar SDS Vr.1 foar it nije seizoen ek al klear. Moandei kinne jim it hjir besjen. De earste training is op moandei 19 augustus.

Oefenprogramma SDS 2

Trainer Okke van der Kamp hat fansels it oefen- en trainingsprogramma foar SDS 2 foar it nije seizoen al lang klear. Moarn kinne jim it hjir besjen. De earste training is yn elts gefal op tiisdei 13 augustus.

Harsens derby(2142)

Somtiden sit it gewoan efkes net mei………