Weppers sneon 31-1

Weppers freed 30-1
29 januari 2009
De nije SDS League
1 februari 2009

Oefene
SDS 1 hat fannemiddei oefene tsjin ONS 2. Wy krigen in ferslach fan de lêste goal fan Anco Elgersma:
Fanut myn keamer hie ik moai sicht op de wedstriid ONS 2 – SDS 1. Ik ha net de hiele wedstriid sjoen en wit dan ek net wat de útslach is. Yn de lêste minuut waard der noch wol skoard. In 1-2 tusken Dirk-Yde en Henk waard uteinliks troch Henk oer de hele spile wêr at neffens my Tseard de bal foar de pot gooide en keurich yntikt waard. Ik koe spitich genôch net goed sjen wie skoarde mar dat heare jim wol fan oaren.
Dit krigen wy troch fan Tsjalling Sikma
Uitslag ONS 2 -SDS 1-3
0-1 Hendrik de Jong
1-1
1-2 Tsjalling Sikma
1-3 Dirk Yde Sjaarda
Hjir in foto fan Anco:


Wol dúdlik
Cambuur is no al twa kear ôflast de lêste wiken. It is wol hiel tafallich dat beide kearen ien fan de webmasters der hinne soe. Oars altyd te finen op de steantribune bij sc Hearrenfean en no foar de sfear ek in kear nei Cambuur. Dus net.

Noem een kleur onder de tien
Dizze prachtige kop stie boppe in kollum fan Peter Wekking. It giet al wer oer Feyenoord, mar dat makket neat:
de kollum is prachtich.

In bysûndere sjaal
At der gjin fuotbal is yn Easterein dan sjogge wij altiten efkes at der ek wat leuks yn de sporthal is. Net dus. Op ús speurtocht kamen wij wol op de side fan kuorkebalklup Spannum en dêr lêsden wij dat sij hiele bijsûndere supporterssjalen hawwe:
De sjaals zijn ontzettend warm, bijzonder modieus en ook voor reddingsacties op het ijs (schaatsers uit een wak halen) heeft deze sjaal zijn waarde al ruimschoots bewezen. Er zijn nog enkele te koop dus wees er snel bij, want op is op…..

Iepen dei
De sjurtsponser fan SDS 3
TMB de Jong yn Wommels hat hjoed iepen dei tusken 10.00 en 16.00 oere. It bedriuw bestiet 40 jier en der is nije hal bijkommen dy’t iepene wurdt.

AH kwis
Op dizze fuotballeaze dei is in kwis nea wei. Spylje de
kwis fan dyn eigen klup mei kommentaar fan Huberto Tan

SDS-froulju en -famkes
De froulju en famkes fan SDS binne maklik te herkennen. Je sjogge by de griente-ôfdieling fan de Jumbo lyk as sy by SDS fuotbalje of net: