De nije SDS League

Weppers sneon 31-1
30 januari 2009
Weppers moandei 1-2
1 februari 2009

De transfermerke slút moarntejûn om 24.00. Wy ferwachtsje net dat der noch folle bard. Al soenen wy der net mâl fan opsjen as Ajax noch efkes hurd Pranjic by SC Heerenveen ophellet.

De nije teams foar de SDS League moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 7 febrewaris om 19.00!.

De nije spilerslist sjocht der sa út (klik hjir). Hy kin dus noch iets feroarje(de spilersnûmers feroarje net mear) y.f.m. de rinnende transferperiode yn de Eredivisie. Mochten jim foutsjes ontdekke yn de nije spilerslist mail it dan efkes nei sdsleague@vv-sds.nl.
(wy meitsje de list mei help fan Competitiemanager.nl)

As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatysk mei oan de twadde helte. Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.
 
It kostet €12,50 om mei te dwaan:

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

 

Durk Okkema, Sjaardaleane 7, 8734 HP Easterein
of
by

Willem Wijnia, Walperterwei 21, 8731 CC Wommels.

 

Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl


De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside. Ek hinget der yn ‘e fuotbalkantine en ferskynt der eltse moanne yn ‘e Treffer.


Soe PSV Van Bommel noch ophelje út München?