Weppers snein 28-6

Weppers sneon 27-6
26 juni 2009
Weppers moandei 29-6
28 juni 2009

Oare sporten

Der binne ek in oantal SDS-ers ûnder lieding fan Tsjalling Sikma dy’t  harren oanmeld hawwe as bierdrinkende oare sporters. Wij sjogge dit wat minder as in sport mar respekteare harren sjochwize. It kin wêze dat wij wat mist hawwe, mar fan grutte prestaasjes fan dit team is ús neat bekend.

Beste Bona

Ein augustus is der wer in feteranentoernooi op Skylge. SDS docht al jierren mei en de erfaring hat leard dat der op it lêste momint wolris in spiler te min is om ôf te reizgjen nei Skylge. Wij besykje dan altyd in gastspiler meinimmen.
Raar miskien, mar wij fan SDS 5 tochten oan dij. Wij tinke datst ein augustus wer yn de lytse loege sitst omdatst te min oan spyljen takomst bij it Fean.. Wij kinne ús dat ek wol foarstelle, want wês no earlik do bist ek wolris wat lui en ûngelokkich yn dyn aksjes.
No wiene wij justerjûn efkes mei in lytse delegaasje yn Bakhuzen en seagen dij dêr fuotbaljen. Do diest it wol aardich en wij sjogge wol mooglikheden bij SDS5. Wij seagen gjin doelpunten fan dij, gjin beslissende paskes, gjin hurd wurkjen mar wij sjogge dochs wol in taheakke wearde. Dus om koart te wezen: at wij temin spilers hawwe, dan kinst fan ús in beltsje ferwachtsje. Fan SDS foar de dúdlikheid. Miskien ek wol fan Mulier, want dy wiene dêr juster mei trije skouts: Gerrit, Kees en Sjors. Ik soe net mei harren gean. Sij hawwe wat in mindere ploech en dan silst elke wedstriid oan de bak moatte en dat is dan wol echt hurd wurkje. Boppedat hawwe wij in topûnderkommen (dat is wat oars as in topynkommen)  op it eilân: de Bargestâl bij boer Terpstra.
Bona, (wat bin ik bliid dat se dij net Kalou neame, want dat liket wol hiel erch op Klaas en  dy hawwe wij genôch) wij hope gau wat fan dij te hearen.
Groetnis
Eddy en Aant (lieders SDS 5
)

Seleksjes
Wij tinke en hoopje dat de kommende wike de seleksjes fan de senioren bekend wurde.

Tip
Fan Jan-Rinse Blanksma krigen wij noch in hiel aardige tip: Op de webside
Studio Sport50jier kinst dyn top 10 fan hystoaryske sportmominten selektearje. Dêrnei kinst se alle 10 yn ien kear ôfspylje. Super!

WK
Moarntejûn wurdt der wer bolle. Moarn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Krekt nêst
Je sille in pingel nimme, je nimme in oanloop en dan bard der dit:

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!